thumb|175px|Schelling yn 1982 Cees Schelling (Klaaswaal, Súd-Hollân Nieuwsblad, gewijd aan de belangen van de Hoeksche Waard en IJselmonde, 8 april 1927, 17 febrewaris 1927 – Pieterburen, 17 maart 2018) wie in Nederlânske fakbûnsbestjoerder.
Libben en wurk Schelling wie in soan fan Grietje Reedijk en Pieter Schelling Nieuwsblad voor de Hoeksche Waard en IJselmonde, 31 jan. 1958Geneanet (deade keppeling) , lânarbeider yn de Hoeksewaard. Hy groeide op yn in grifformeard fermidden. Schelling wurke ynearsten as lânarbeider yn it Súd-Hollânske plak Zevenhuizen. Nei de Twadde Wrâldoarloch waard er lid fan de Partij van de Arbeid. Ek sleat er him oan by it fakbûn en waard yn 1957 bestjoerder fan de Algemene Nederlandse Agrarische Bedrijfsbond, ien fan de bûnen fan de eardere faksintrale NVV. Yn 1970 waard er lid fan it deistich bestjoer fan it Voedingsbond NVV. Schelling wie fan 1972 oant 1984 foarsitter fan it fiedingsbûn. Nei de fúzje mei de katolike fakbeweging waard dit it Voedingsbond FNV. Hy krige yn dy perioade lanlike bekendheid troch syn militante opstelling as fakbûnsbestjoerder. Hy late tal fan aksjes en stakingen yn de fiedingssektor. Hy kaam geregeldwei yn konflikt mei mear behâldende leden fan syn fakorganisaasje. Schelling wie in fûleindich foarstanner fan it basisynkommen.
Nei syn betiid úttreden luts er him werom yn Pieterburen. Yn syn nije wenplak wied er aktyf yn ferskate pleatslike organisaasjes. Hy ferstoar yn 2018 syn wenplak Pieterburen yn'e âldens fan 91 jier.
Bibliografy Verbeek, Herman A., Cees Schelling van de Voedingsbond. Grins, Xeno, 1984. Berend, Marinus, Rob van den Elst en Cees Schelling, Pieterburen, wad'n dorp. Eenrum, van den Elst, 1986.
Kategory:Nederlânsk fakbûnslieder Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Persoan berne yn 1927 Kategory:Persoan stoarn yn 2018