thumb|Dijksterhuis yn 1900 thumb|250px|Plattegrûn fan Dijksterhuis (J. Stormer, 1860) thumb|Ten Dijke, it skathûs fan Dijksterhuis (2011) Dijksterhuis wie in boarch noardlik fan it Grinlânske doarp Piterbuorren, dy't oant 1903 bestie. It boarchstee mei binnengrêft is noch hieltyd yn it lânskip werom te finen.
Skiednis Oannommen wurdt dat de oarspronklike boarch boud waard yn de fjirtjinde iuw. De boarch, eartiids oantsjut as Huis ten Dijke waard boud op in sânplaat op it Waad. Hy stie dêrom oarspronklik bûtendyks. Mei dêrom wurdt oannommen dat de earste bewenners de kost fertsjinnen mei seerôverij en ta de saneamde likedielers rekkene wurde moatte. Nei't it Kleaster fan Aduard syn foarwurk op it eilân Bosk opjûn hie oefene de boarchhear fan Dijksterhuis it rjocht fan strânfynst út foar it kleaster.
Nei de oanlis fan in nije dyk kaam de boarch binnendyks te lizzen. Fanwegen de oarspronklike sânplaat lei it hûs heger as syn omjouwing fan jonge seeklaai. Dy lizzing soarge derfoar dat de boarch sawol de stoarmfloed fan 1570, as dy fan 1717 sûnder skea trochstie.
Bysûnder oan Dijksterhuis is dat de boarch ien fan de pear boargen is dy't nea ferkocht is, mar hieltyd troch oererving yn oare hannen kaam. De lêste eigener wie Gerhard Alberda fan Menkema en Dijksterhuis. Lykas syn namme oanjout wie dizze ek eigener fan de Menkemaboarch yn Uithuizen. Op dy boarch wenne er, Dijksterhuis hâlde er lykwols oant syn dea, yn 1902, wol yn stân. In jier letter waard de boarch lykwols dochs sloopt. De stiennen tagongspeallen en stek binne ferpleatst nei de Menkemaboarch.
Westlik fan'e boarch lei it skathûs. Dy yn 1857 boude pleats Ten Dijke hat de boarch oerlibbe en is erkend as ryksmonumint.
It bloedplak Dijksterhuis kaam yn 1578 yn it besit fan Luurt Manninga. Dy troude mei Emmerentiana Sonoy, iennichst bern fan de wettergeus Diederik Sonoy. Doe't Diederik yn 1594 it kriichslibben farwol sei, luts er by syn dochter yn. Trije jier letter ferstoar er en waard beïerdige yn de tsjerke fan Pieterburen.
De koarte perioade dat Sonoy op Dijksterhuis wenne is foaral bekend wurden troch in crime passionnel. Oan syn reizen hie Sonoy in Moarske tsjinner (dy't neffens de oerlevering Swarte Pier hiet) oerhâlden, dy't him ek folge nei Dyksterhûs. Dy betsjinner rekke slim fereale op ien fan de tsjinstfammen fan Dijksterhuis. Sy joech lykwols de foarkar oan in blanke frijer, wat de ôfwiisde net ferkropje koe. Hy stuts har mei in mes, wat sy net oerlibbe. Sels waard de Moar fan Dijksterhuis in pear dagen letter justjes benoarden de boarch ûnthalzge.
It ferhaal wol, dat op it plak fan de misdied (bekend as de 'Moriaanske keamer') in grut bloedplak ûntstien wie. Hoe't men ek djinne, it plak kaam hieltyd werom. Noch yn 20e iuw wiene der yn Pieterburen tsjûgen te finen dy't bewearden dat se mei eigen eagen it bloedplak sjoen hiene.
Kategory:Boarch yn Grinslân Kategory:Bouwurk út de 14e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn 1903