Albert is in stêd en gemeente yn it departemint Somme yn 'e regio Hauts-de-France yn it noarden fan Frankryk. De gemeente makket diel út fan it arrondissement Péronne. De ynwenners wurde Albertins neamd. Troch de gemeente rint it rivierke de Ancre.
De stêd waard yn 'e Earste Wrâldkriich folslein ferneatige.
Skiednis Yn 'e Gallo-Romeinske tiid lei oan 'e Romeinske wei Chaussée Brunehaut tichtby in brêge oer de Ancre al in delsetting. Albert, doe Ancre neamd, krige yn 1178 stedsrjochten. De stêd krige syn hjoeddeiske namme om 1620 hinne en waard ferneamd nei Karel d'Albert, hartoch fan Luynes, in favoryt fan kening Loadewyk XIII dy't de nije gûverneur fan 'e stêd waard as opfolger fan 'e yn ûngenede fallen en fermoarde Concino Concini. De stêd waard ferskate kearen ynnommen en ferneatige.
Yn 1727 waard in byld fan 'e Jongfaam Marije, dat nei alle gedachten troch in hoeder fûn waard, yn 'e parochytsjerke fan Albert set. Oan dy "Notre-Dame de Brebières" waarden mirakels taskreaun en Albert waard in soad besocht troch pylgers. De pylgertochten krigen in nije ympuls yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw nei de iepening fan it treinstasjon. Dêrom waard sûnt 1885 de Basilyk fan Notre-Dame de Brebières boud.
Earste Wrâldoarloch thumb|left|Albert nei de Easte Wrâldkriich. Nei de Earste Slach oan 'e Marne waard de stêd op 29 augustus 1914 troch de Dútsers ynnaam. Op 13 septimber oermasteren Britten de stêd werom, mar de stêd bleau sawat 3 km fan it front. It hiele stedssintrum, it treinstasjon en de fabriken waarden yn 'e folgjende moannen ferneatige troch Dútske bombardeminten. Sûnt july 1916 ferskode it front fierder nei it noarden. Op 26 maart 1918 namen de Dútsers de stêd op 'e nij yn. Sûnt april waard de stêd ûnderwurpen oan Britske bombardeminten. Op 23 augustus 1918 waard de folslein ferneatige stêd lang om let befrijd.
Yn 'e jierren 1920 en 1930 waard de stêd werboud yn in homogene styl. De basilyk is it ienige gebou dat werboud is neffens it orizjinele ûntwerp.
It besjen wurdich de neobyzantynske Basilyk fan Notre-Dame de Brebières. it Museum Somme 1916, in oan 'e Slach oan 'e Somme wijd museum. it stedhûs, in mingeling fan Flaamske ynfloeden en Art deco.
Untwikkeling befolking Jier 1793 1851 1876 1901 1926 1946 1954 1962 1982 Ynwenners 2.000 3.507 4.500 7.348 6.720 8.900 8.991 10.247 10.894Jier 1999 2012 2022 Ynwenners 10.065 9.899 9.658
Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Gemeente yn Frankryk Kategory:Plak yn Opper-Frankryk Kategory:Gemeente yn Opper-Frankryk