thumb|Loftbôgen boppe it sydskip fan 'e katedraal fan Amiens. In loftbôge is in stiennen bôge dy't oan 'e bûtenkant fan in gebou (meastentiids in tsjerke of katedraal) sit. De bôge ferbynt de hege muorre fan it middenskip mei in dikke fertikale pylder dy't in ein fan 'e muorre ôf stiet: de bear. thumb|left|Loftbôgen fan 'e Notre-Dame fan Parys. Loftbôgen ha as funksje de druk fan 'e stiennen ferwulften fan it gebou op te fangen en dy oer te dragen nei de bear en sa nei de grûn. Om't de loftbôgen it swier wurk dogge, hoegden de muorren net mear sa dik te wêzen. Dat makke de bou fan hegere muorren mooglik mei folle gruttere ramen, sadat it gebou better ferljochte wurde koe.
Op 'e bear waard faak in spits tuorke set, in pinakel. Dat wie net allinnich foar de sier, mar it ekstra gewicht fan 'e pinakel soarget der foar dat de bear stabiler stean bliuwt.
De technyk om druk besiden ôf te fieren bestie al langer lykas by de San Vitale yn Ravenna is te sjen. Om it jier 1140 hinne begûnen boumasters by de bou fan Saint-Denis yn Parys lykwols mei de systematyske tapassing fan loftbôgen bûten it gebou as ûnderdiel fan in folslein nij bou-konsept.
Kategory:Arsjitektuer Kategory:Tsjerkegebou