De Basilyk Notre-Dame de Brebières is in basilica minor yn 'e Noardfrânske stêd Albert (Somme) út de 19e iuw. Troch de orizjinele arsjitektuer is de katolike tsjerke ien fan 'e wichtichste religieuze bouwurken fan Pikardje en klassifisearre as in histoarysk monumint.
Namme "De Brebières" is de eartiidske namme fan it plak dêr't de tsjerke stiet. It wurd giet werom op it Aldfrânske brebis, dat skiep betsjut. Dat Brebière(s) ferwiist nei in skieppegreide(n). De tsjerke Notre-Dame de Brebières betsjut dus Us-Leaffrou fan 'e Skieppegreiden. Yn 'e 11e of 12e iuw waard dêr in kapel boud foar de ferearing fan in devoasjebyld fan Marije.
Skiednis Sûnt de 11e en 12e iuw wie de Notre-Dame de Brebiéres ien fan 'e wichtichste Pikardyske plakken fan 'e Marije-ferearing. Oan 'e ein fan 'e 19e iuw belibbe de pylgertocht nei Albert in nije bloei, lykas de hiele Marije-devoasje doe wer tige populêr waard. thumb|left|Heechalter. De basilyk Notre-Dame de Brebières waard op oantrún fan Anicet Godin boud, dy't yn 'e jierren 1882-1913 de pastoar fan Albert wie. De tsjerke ferfong de parochytsjerke dy't nei de brân fan 1660 boud en yn 1705 foltôge wie. Dy tsjerke wie troch de ûntwikkeling fan 'e stêd yn 'e tiid fan 'e yndustriële revolúsje te lyts woarn om 'e jimmeroan groeiende katolike mienskip te bergjen. Dêrom waard besletten om de besteande tsjerke ôf te brekken en in nijenien te bouwen.
Yn 1895 joech paus Leo XIII de nije tsjerke de earetitel fan basilica minor. Yn syn pauslike bul skreau de paus dat Albert it Lourdes fan it Noarden wurde moast.
De bou fan 'e basilyk makke it needsaaklik om de rivier de Ancre, dy't ûnder it koer streamt, oer in lingte fan sânentweintich meter te betonearjen. De bou waard yn 'e jierren 1885-1897 neffens de plannen fan arsjitekt Edmond Duthoit útfierd. Nei syn ferstjerren yn 1889 waard de lieding fan it wurk oerdroegen oan Henri Bernard, syn wichtichste meiwurker. De 62 hege toer waard bekroand mei in koepel mei dêrop in ferguld stânbyld fan 'e Jongfaam Marije, sadat de toer ynklusyf de koepel en it byld 82 meter heech is. It byld is in wurk fan Albert Roze, byldhouwer út Amiens.
Ferneatiging thumb|left|Tsjerke mei de hingjende Madonna. Yn 'e Earste Wrâldoarloch waard de basilyk folslein ferneatige. Yn 1915 rekke in granaat de koepel dy't it stânbyld droech. It byld kaam doe tige skeef te stean, mar bleau yn in nuodlik lykwicht hingjen. Dat joech oanlieding ta it sechje fan 'e soldaten dat as de Jongfaam fan Albert falle soe, de oarloch ta in ein kaam. It ôfbyld fan 'e skansearre basilyk mei de hingjende Jongfaam waard troch de soldaten oer de hiele wrâld nei famylje stjoerd en droech by oan har wrâldferneamde bekendheid. Yn april 1918, by it lêste Dútske offinsyf, it saneamde maitiidsoffinsyf, waard de basilyk troch granaatfjoer folslein ferneatige en stoarte it fergulde stânbyld fan de Jongfaam Marije op 'e grûn del.
Werbou Tusken 1927 en 1931 waard de basilyk wer rekonstruearre troch arsjitekt Louis Duthoit, de soan fan Edmond Duthoit. De ynterieurdekoraasje is foar in part wer neffens it oarspronklike ynterieur rekonstruearre.
Ek de klokketoer waard rekonstruearre en Albert Roze makke in replika fan 'e fergulde Jongfaam, dy't yn 'e jierren 1927-1929 wer op 'e spits set waard. It dak fan 'e koepel en de fergulding fan it stânbyld binne letter restaurearre.
Museum Fuort njonken de tsjerke is it Museum Somme 1916, dat ynformearret oer de striid yn 'e Earste Wrâldkriich.
Kategory:Albert Kategory:Tsjerkegebou yn Frankryk Kategory:Basilyk yn Frankryk Kategory:Bouwurk út 1895