De Afrikaanske tigerreiddomp (Tigriornis leucolopha) is in seldsume, skouwe fûgelsoarte út de famylje reagerfûgels (Ardeidae). De soarte komt foar yn dielen fan West- en Sintraal-Afrika en is benammen bûn oan tichte, wiete boskhabitats. Alhoewol't de soarte in grut ferspriedingsgebiet hat, wurdt oannommen dat de populaasje stadichoan yn oantal ôfnimt troch habitatferlies.
Ferskining De Afrikaanske tigerreiddomp is in middelgrutte reager mei in lingte fan likernôch 66 oant 80 sintimeter. De fûgel hat in lange, dolkfoarmige snaffel en in opfallend streke fearrepatroan yn swarte en gielbrune tinten, dat in goede kamûflaazje biedt yn syn skaadrike habitat. In karakteristyk skaaimerk is de wite túf op 'e kop, dy't faak tusken de nekkefearren ferside sitte en dêrom net altyd goed sichtber is. Yn 'e flecht liket de fûgel foar it grutste part donker, mei wite stippen op 'e hânfearren.
Fersprieding en systematyk De soarte komt foar yn ekwatoriaal Afrika, fan Senegal yn it westen oant Kameroen, Gabon, de Republyk Kongo, de Demokratyske Republyk Kongo, de Sintraal-Afrikaanske Republyk en it noarden fan Angoala. De Afrikaanske tigerreiddomp is de iennige soarte yn it skaai Tigriornis en wurdt as monotypysk beskôge; der binne gjin ûndersoarten beskreaun.
Hâlden en dragen De Afrikaanske tigerreiddomp libbet benammen oan boskrike iggen fan net grutte rivieren en yn mangrovesompen. It fûgel is tige skruten, dy’t benammen by it skimerjen en nachts aktyf is en him oerdeis meastentiids stilhâldt yn tichte fegetaasje. Troch dit hâlden en dragen wurdt de soarte komselden waarnommen.
It dieet bestiet út lytse fisken, skaaldieren, spinnen, ynsekten, kikkerts en byutiden ek lytse reptilen lykas slangen en hagedissen. Oer it briedgeddrach is net in soad bekend. It briedseizoen ferskilt per regio, mar liket faak gear te fallen mei perioaden fan tanimmende reinfal.
Status en bedrigingen Hoewol't de Afrikaanske tigerreiddomp in grut ferspriedingsgebiet hat, wurdt oannommen dat de soarte yn oantal ôfnimt, benammen troch ferlies en degradaasje fan gaadlik habitat. De delgong soe noch net sa slim wêze, dat de soarte as bedrige beskôge wurde moat. Dêrom wurdt de Afrikaanske tigerreiddomp klassifisearre as net bedrige (Least Concern, 2018).
Namme De Afrikaanske tigerreiddomp waard yn 1846 wittenskiplik beskreaun troch William Jardine. De skaainamme Tigriornis is ôflaat fan it Latynske tigris (tiger) en it Grykske ornis (fûgel), en ferwiist nei it streke fearrepatroan. De soartenamme leucolopha(e) komt fan it Grykske leukolophos, dat "mei in wite túf" betsjut, in ferwizing nei de karakteristike wite túf op ’e kop.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Afrikaanske tigerreiddomp Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Togo