In slachspul is in kaartspul dêr't de spilers lagen yn meitsje. De basis dat ien spiler in kaart spilet, en alle andere spilers dat dan ek dogge. De lettere spilers binne lykswols beheind yn wat hja spylje meie. Ornaris moat hja in kaart spilje dy't deselde kaartkleur hat as de earste spiler: bekenne. Dejinge dy't de heechste kaart spile hat, neffens de regels fan dat spul, hat de slach wûn. Normaliter betsjut at dat de spiler dan as earste wer in kaart spylje mei om de folgende slach mei te begjinnen, en sa giet it spul fierder.

As in spiler net in passende kaart spilje kin, dan moat wat oars byspile wurde: ôfsmite.

Tellen Op it lêst wurdt telt hoefolle slaggen in spiler, of in pear fan spilers, helle hat. Of it kin ek wêze dat de wearde fan de kaarten yn de slaggen dy't de spiler helle hat, telt wurde.

Troef Wylst in spiler ornaris deselde kaartkleur spylje moat, as dat kin, is it oars as dat nèt kin. As der in troefkleur fêststeld is, dan mei in troefkaart spylje wurde. As dat dien wurdt, troeven, dan jildt dy kaart heger as alle kaarten yn de kaartkleur dy't oarspronklik frege wie. Lykwols moatte oare spilers hieltid noch bekenne at hja dat kinne; allinnich at hja dat ek net kinne meie hja ek wer in troef spylje.

De regels of in spiler in troef spylje mei as dy leger is as in troef dy't al troch in oare spiler spile is, hingje ôf fan it krekte kaartspul wat spile wurdt. Dat jildt ek foar hoenear of in spiler troeve mòàt, of allinnich mèì.

Kategory:Kaartspul