De Meksikaanske tigerreiddomp (Tigrisoma mexicanum) is in fûgelsoarte út de famylje reagerfamylje (Ardeidae). De soarte komt foar yn fochtige leechlângebieten fan Meso-Amearika oant noardwestlik Kolombia. It is in skouwe fûgel dy’t benammen by skimerjen en nachts aktyf is en meast solitêr libbet.
Ferskining thumb|left|Fûgel yn it Natsjonaal Park Tortuguero, Kosta Rika. De Meksikaanske tigerreiddomp is in middelgrutte reager mei in lichemslingte fan likernôch 71 oant 81 sintimeter. It fearrekleed is oerhearskjend brún en dúdlik streke op 'e hals, boarst, wjukken en rêch, wat de soarte syn namme jûn hat. De kiel en foarhals binne foar in grut part bleat en giel fan kleur, mei in skerpe oergong nei it streke boarst. De kroan is donkerbrún oant swart. De fûgel hat in lange, dolkfoarmige snaffel en relatyf koarte, griiseftige poaten.
Fersprieding en systematyk De soarte komt foar fan súdlik Meksiko troch Sintraal-Amearika oant noardwestlik Kolombia. Yn seldsume gefallen is de Meksikaanske tigerreiddomp bûten it normale ferspriedingsgebiet waarnommen. Taksonomysk wurdt de soarte as monotypysk beskôge; der binne gjin ûndersoarten erkend.
Hâlden en dragen De Meksikaanske tigerreiddomp bewennet in ferskaat oan wetterhabitats, lykas moerassen, oerstrûpte gebieten, marren en rivieriggen en wurdt út en troch ek oan rotsige kusten oantroffen. Hy foerazjearret meast allinnich en kin lange tiid ûnferweechlik stean, wylst er op in proai wachtet. De soarte is benammen aktyf yn 'e skimer en nachts.
It iten bestiet foar it grutste part út fisk, kikkerts, kreeftdieren en ynsekten, mar soms ek út lytse sûchdieren. It briedseizoen ferskilt regionaal: yn Panama falt dy meastentiids tusken febrewaris en april, yn El Salvador fan maaie oant augustus en yn Kosta Rika mooglik it hiele jier troch. In lechsel bestiet út twa oant trije wite aaien mei ljochtgriene spikkels. It nêst, makke fan tûken en blêdmateriaal, wurdt meastentiids yn beammen boud. De briedtiid duorret likernôch 28 oant 30 dagen.
Status Op 'e Reade list fan de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer wurdt de Meksikaanske tigerreiddomp klassifisearre as net bedrige (Least Concern). Hoewol't oannommen wurdt dat de populaasje lokaal yn oantal ôfnimt, benammen troch habitatferlies, wurdt de delgong net slim genôch beskôge om de soarte as bedrige oan te merken.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Amerikaanske tigerreiddomp Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama