Otto Galama Houtrouw (Gandersum, 16 juny 1838 - Oldersum, 14 febrewaris 1933) wie in Eastfrysk grifformearde geastlike en skiedkundige.

Libben Otto Galama Houtrouw waard berne as soan fan dûmny Hinderk Houtrouw yn Gandersum. Oant 1850 gie er nei de doarpsskoalle dêre en krige er fan syn heit ekstra lessen yn Latyn en Frânsk. Fan 1850 ôf wie er learling oan it gymnasium yn Emden en helle er yn 1857 syn diploma. Hy sette útein mei in stúdzje teology oan de Georg-August-Universiteit yn Göttingen, dêr't er lid fan 'e progressive studinteferiening Hercynia Göttingenhttps://www.burschenschaftsgeschichte.de/pdf/loennecker_gries-hercynia-goettingen.pdf fan waard, dy't er yn Erlangen fuortsette. Dêr slagge er yn maaie fan 1860 foar it earste teologyske eksamen foar de Coetus yn Emden en waard dêrnei yn Oldersum, Loppersum en Accum yn Aldenburch (sûnt novimber 1862) oansteld as helpdûmny.

Syn earste beneaming krige er yn 1863 yn Boarkum. Yn 1867 folge in beneaming yn Ihrhove, mar ferfear al rillegau (1869) nei Campen yn Krummhörn. Dêrwei waard er yn 1875 beneamd ta twadde predikant yn Neermoor, dêr't er oant syn frijwilliige mjirkes op 1 july 1913 bleau.

Noch by syn wurk yn Neermoor waard er troch syn griffformearde kollega-predikanten keazen ta foarsitter fan de Coetus fan 'e grifformearde predikanten fan Eastfryslân, in funksje dy't er noch fjouwer jier nei syn krapoan 53 jierrige geastlike karriêre, oant 1917 beklaaide.

Syn pakesizzer wie de SS-dokter mei deselde namme; Otto Galama Houtrouw (1906-1989).

Prizen De Prusyse Keninklike Oarder fan 'e Reade Earn, 4e klasse

Wurk Yn 1873 stte Houtrouw foar it earst útein mei it skriuwen en liet er it traktaat Von der Armenpflege überhaupt und der kirchlich-christlichen insbesondere (Oer de earmesoarch yn it algemien en de tsjerklik-kristlike yn it bysûnder) ôfprintsje yn it troch August Ernst Zwitzer útjûne Ostfriesisches Monatsblatt für provinzielle Interessen (Eastfrysk moanneblêd foar provinsjale belangen). Fan 1882 ôf publisearre Houtrouw yn it Ostfriesisches Monatblatt in rige artikles mei de titel Eine Wanderung durch Ostfriesland vor 150 Jahren (Kuierje troch Eastfryslân 150 jier ferlyn). Doe't it moanneblêd yn 1884 hohold, wiene allinnich parten fan Houtrouw syn kuiertocht publisearre. Mei tanke oan finansjele stipe fan it Eastfryske Lânskip koe Houtrouw syn Ostfriesland, eine geschichtlich ortskundige Wanderung gegen Ende der Fürstenzeit (Eastfryslân, in histoaryske kuiertocht oan 'e ein fan it foarstedom) tusken 1889 en 1891 as selsstannige publikaasje ferskine. Mei it útjaan fan dat neislachwurk waard Houtrouw algemien erkend as skied- en hiemkundige.

Houtrouw syn wurk: Von der Armenpflege überhaupt und der kirchlich-christlichen insbesondere, yn: Ostfriesisches Monatsblatt für provinzielle Interessen, jannewaris 1873, side 47–54, 90–102, 129–138 Ostfriesische Sitten und Unsitten, sonderlich auf dem Lande, yn: Ostfriesisches Monatsblatt für provinzielle Interessen, jannewaris 1873, siden 453–465, 490–498 Die Schulpolizei in den Händen der Geistlichen, yn: Ostfriesisches Monatsblatt für provinzielle Interessen, maaie 1877, siden 167–176 Eine Zufluchtstätte aus der Welt für die Welt, yn: Ostfriesisches Monatsblatt für provinzielle Interessen, augustus 1880, siden 406–422 Eine Wanderung durch das versunkene Land, yn: Ostfriesisches Monatsblatt für provinzielle Interessen, desimber 1884, siden 241–250 Die alte Propstei Leer, ein Stück altfriesischer Kirchengeschichte und ostfriesischer Reformationsgeschichte, Lier 1888 Ostfriesland. Eine geschichtlich-ortskundige Wanderung gegen Ende der Fürstenzeit, diel 1 en 2, Auwerk 1889 en 1891 [werprintinge: Lier 1974] Gedächtnispredigt bei der Feier des 100jährigen Bestehens des gegenwärtigen Gotteshauses zu Neermoor am 23. Februar 1896, Lier 1897 Die Reformation und ihre konfessionelle Gestaltung in Ostfriesland, yn: Reformirte Kirchenzeitung, 1899, siden 338–340, 346–349 Zur Geschichte der Gründung und Entwickelung des Schulwesens in Ostfriesland, yn: Ostfriesisches Schulblatt 40, 1900, siden 389–394, 419–424 Die Reformation in Ostfriesland und ihre konfessionelle Gestaltung, Emden 1915 Wiedergewonnenes Dollartland durch die Eindeichung des Emder Außenhafens bis zur Landspitze Knock. Beschreibung der blühenden Ortschaften, welche dort einst ein Raub des Meeres wurden. Mit einer Karte, Emden 1919 Mein kurzer Lebensabriß. 1838–1919 Berlyn 1919 Ostfrieslands kirchliches und weltliches Regiment vor der Reformationszeit, Emden 1920 Oldersums alte und neue Kirche, Emden [1922 ?].

Literatuer [sûnder it neamen fan de skriuwer]: Herr Pastor emer. Otto Galama Houtrouw, yn: Blätter des Vereins für Heimatschutz und Heimatgeschichte, nr. 10 en 11, 1928, siden 222–223 Heinrich Reimers: Otto Galama Houtrouw. Ein Nachruf, yn: Heim und Herd, byage nr. 47 zum Ostfriesischen Kurier (ferskynd yn: Norden) op 24 febrewaris 1933 Heinrich Buurman (Bearbeiter): Otto Galama Houtrouw. Vorfahren und Nachkommen des Pastors Otto Galama Houtrouw (1838 - 1933). Sollermann, Lier 1985 Heinrich Buurman: Artikel Houwtrouw, Otto Galama, yn: Biographisches Lexikon für Ostfriesland (útjuûn troch it Ostfriesische Landschaft yn Auwerk), diel I, Auwerk 1993, siden 193–194 (online; ; 82 kB)

Kategory:Eastfrysk predikant Kategory:Eastfrysk skriuwer Kategory:Eastfrysk wittenskipper Kategory:Dútsk skiedkundige Kategory:Dútsk publisist Kategory:Dútsk teolooch Kategory:Persoan berne yn 1838 Kategory:Persoan stoarn yn 1933