De swarte reiddomp (Botaurus flavicollis, synonimen Dupetor flavicollis en Ixobrychus flavicollis) is in fûgel út de famylje fan 'e reagerfûgels.
Ferskining thumb|left|Swarte reiddomp yn 'e flecht. Swarte reiddompen binne middelgrutte fûgels fan likernôch 58 sm mei in opfallende, hast swarte kleur op 'e rêch en kop. De nekke hat oan 'e sydkant in giele streek, dêr't de wittenskiplike namme flavicollis nei ferwiist ("giele nekke"). Syn kiel is witich en it boarst is mei donkere streken.
Wyfkes en juvenilen binne bruner en ha in minder sterk kontrast yn it fearrekleed.
Fersprieding De soarte komt foar yn tropysk Aazje fan Pakistan en Sina oant yn Austraalje.
Der wurde trije ûndersoarten erkend:
B. f. flavicollis (fan Yndia oant yn Yndosina, de Filipinen en it westen en midden van Yndoneezje) B. f. australis (East-Yndoneezje, Nij-Guineä, Bismarckarsjipel, Austraalje) B. f. woodfordi (Salomonseilannen)
It habitat bestiet út tichte reidfjilden, sompen en mangroves.
Hâlden en dragen Swarte reiddompen ite ynsekten, fisk, reptilen en amfibyën. It nêst bestiet út reid en wurdt op 'e grûn of yn beammen boud. It wyfke leit trije oant fiif aaien. Beide âlden fuorje de jongen. Populaasjes yn 'e noardwestlike gebieten, benammen yn Sina, binne migrearjend.
As de fûgel rêst bliuwt er yn tichte fegetaasje. As er fersteurd wurdt geane swarte reiddompen earst net op flecht, mar bliuwe se ferside yn tichtere begroeiïng. Swarte reiddompen binne krêftige fleaners; yn 'e flecht is de kop fier nei efter lutsen.
Status Om't de fûgel in ûnbidich grut ferspriedingsgebiet hat, wurdt de soarte troch de IUCN as net bedrige (Least Concern) klassifisearre. De oantallen rinne lykwols tebek. Yn Austraalje wurdt de fûgel net as bedrige beskôge, mar yn 'e steat Fiktoaria wurdt de fûgel wol as bedrige beskôge. Yn lannen as Singapoer wurdt de fûgel as in net algemiene trekfûgel omskreaun. Bedrigingen foar de soarte binne it drûchlizzen fan sompen foar stedsútwreiding of de oanlis fan rysfjilden, it brûken fan pestisiden yn 'e lânbou en fersteuringen yn 'e ekosystemen lykas it brûken fan wetter foar hûshâldingen of yrrigaasje.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Reiddomp Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn de Maldiven Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam