thumb|De reade sirkel jout it plak fan Harinxmastate oan Harinxma State wie in stins by Loaiïngea, gemeente Súdwest-Fryslân. De stins ûntstie nei alle gedachten yn it begjin fan de 16e iuw. Letter wie de namme ek Andringastins

De eigener fan de Bonningastins Sirick Harinxma en Ath Lous Bonninga hie in dochter, Auck Harinxma, dy't mei Ulke Oenema troude. Neffens Josias Rispens, troch wa't in genealogyske hânskrift opsteld waard, fêstigen se har yn Loaiïngea. Nei alle gedachten wie dat in nij goed, de Harinxmastins. Dit pear krige in dochter Catharina van Oenema, dy't mei dr. Haringh Andringa troude.

Doe kaam de stins yn besit fan de famylje Andringa, wêrtroch't ek de namme feroare. Catharina en Haringh waarden opfolge troch harren soan Juw fan Andringa. Hy wie militêr en moast om om 1580 hinne yn ballingskip gean om't er katolyk wie. Hy kaam er in pear jier letter dochs werom yn Loaiïngea.

It hûs ferervet wer yn froulike line, troch Juw's dochter Auck fan Andringa. Sy trout yn 1621 mei Fedde Hessels Epema fan Koudum. Dit pear hie nei alle gedachten gjin neiteam, want nei de dea fan beide foar 1626 wurdt Fedde syn broer Lolle Epema harren universeel erfgenamt. It goed is yn 1640 besit fan syn erfgenamten.

Kategory:Stins of state yn Súdwest-Fryslân Kategory:Loaiïngea