De griiskopdwerchpappegaai of de griiskopagapornis (Agapornis canus) is in fûgelsoarte út it skaai dwerchpappegaaien.
Ferskining It mantsje fan 'e griiskopdwerchpappegaai hat in grize kop, boarst en kiel. De rêch en wjukken binne donkergrien en de stút en ûnderkant binne grien. It wyfke ferskilt fan it mantsje troch it ûntbrekken fan griis en is hielendal grien. Se hawwe in ljochtgrize of hoarnkleurige snaffel en griisblauwe poaten. Griiskopdwerchpappegaaien wurde likernôch 13 sintimeter lang.
Fersprieding De fûgel is endemysk op Madagaskar en yntrodusearre op 'e Komoaren en Majot. Ek op Mauritsius, op 'e Seysjellen en plakken oan 'e kust fan East-Afrika binne fûgels yntrodusearre, mar dêr binne se útstoarn of mooglik útstoarn. Der wurde twa ûndersoarten ûnderskieden:
A. c. canus: Madagaskar (útsein yn it suden). A. c. ablectaneus: súdlik Madagaskar.
De ablectaneus is wat donkerder fan kleur as de nominaat en soe in wat ljochtere grize kop mei in fiolette waas ha.
Hâlden en dragen thumb|left|Foarazjearjende griiskopdwerchpappegaaien. In lechsel bestiet út fjouwer oant seis aaikes, dy't yn likernôch 18 dagen útbret wurde. Nei sa'n seis wiken ferlitte de jongen harren nêst. It binne skouwe fûgels. Yn it wyld ite se in soad sied fan gers en se binne dêrom faak op 'e grûn te sjen.
Status Oannommen wurdt dat de populaasje fan 'e soarte stabyl is. De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige op 'e Reade list.
Avikultuer De nominaat wurdt it meast yn finzenskip holden. It binne groepsdieren dy't it bêste as koppels (man en pop) holden wurde kinne. Yn finzenskip fokte fûgels binne minder skrutel as yn it wyld.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dwerchpappegaai Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Eksoat yn de Komoaren Kategory:Eksoat yn Majot