Fischers dwerchpappegaai of de fischerdwerchpappegaai (Agapornis fischeri) is in fûgelsoarte út it skaai dwerchpappegaaien yn 'e famylje pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittacoidea).
Ferskining De 13 oant 15 sintimeter lange soarte hat lykas in pear oare soarten dwerchpappegaaien in wite eachring. De wyldfoarm is oant de wjukken grien en hat in ljochtgiele hals. De kop is ljochtbrún oant oranjeread mei in oranje masker en in reade snaffel.
Fersprieding De fûgel wurdt allinnich yn noardlik Tanzania oantroffen, súdlik en eastlik fan 'e Fiktoariamar. Wylde populaasjes komme ek oan 'e kust fan Kenia en Tanzania foar, dêr't er bytiden ek mei de swartkopdwerchpappegaai hybridisearret.
Se libje yn lytse groepjes yn drûge gebieten en wurde fral in soad sjoen yn it Nasjonaal Park Serengeti, it Nasjonaal Park Arushade en it Ukerewe-eiân.
Hâlden en dragen De pop leit trije oant seis wite aaikes, dy't yn likernôch 21 oant 23 dagen útbret wurde. Se nêstelje yn beamholtes en ite meast sied fan planten en beammen. Yn harren natuerlike leefomjouwing briede se fan jannewaris oant april en fan juny oant july.
Status De IUCN kategorisearret de soarte as gefoelich. De fûgel hat in relatyf lyts ferspriedingsgebiet en is in soad yn it wyld fongen foar de hannel. De oantallen namen dêrtroch rap ôf.
Avikultuer De soarte is tige populêr yn 'e avikultuer en der binne in grut tal kleurmutaasjes bekend. Om se te kweken moatte fûgels teminsten ien jier wêze. Se ha in rom ferbliuw nedich en yn 'e briedtiid is it better om de pearkes apart te hâlden. By in goede fersoarging kinne se yn finzenskip 12 jier wurde.
Namme De wittenskiplike soartenamme fan 'e fûgel betocht Gustav Adolf Fischer (1848-1886), in Dútske dokter, ûntdekkingsreizger en samler fan eksimplaren yn tropysk Afrika fan 1876 oant 1886.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dwerchpappegaai Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania