De swartwangdwerchpappegaai (Agapornis nigrigenis) is in fûgel yn it skaai dwerchpappegaaien (Agapornis) út 'e famylje pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittacoidea)
Ferskining De likernôch 14 sintimeter lange fûgel tanket de namme oan 'e swarte wangen en it swarte gesicht. De foarholle en de krún binne donkerbrún oant readbrún, dat efter op 'e kop yn in gielbrûn oergiet. Hy hat in fjoerreade snaffel mei by de basis in smelle, wite râne. Om 'e eagen is in wite eachring fan bleate hûd en de iris sels is brún. It grutste part fan it fearrekleed is grien. Op it boarst sit meastentiids in oranje-eftich of salmkleurich plak, dy't de oergong foarmet tusken de donkere kiel en de griene ûnderkant. De sturt is koart en grien, soms mei wat blauwe puntsjes oan 'e sydkant. De poaten binne griis. Der binne gjin ferskillen tusken mantsjes en poppen (wyfkes).
Fersprieding De fûgel is endemysk foar Sambia. Se libje yn it súdwesten fan it lân, benammen yn it gebiet tusken de rivieren de Kafue en de Sambezy. It biotoop bestiet út boskgebieten mei Mopane-beammen en Akasia's. Se bliuwe altiten yn 'e buert fan wetterboarnen (lykas rivieren of puollen) om 't se alle dagen drinke moatte. De fûgel wurdt ek waarnommen yn Simbabwe, Botswana en Namybje, mar se briede dêr net.
Hâlden en dragen Yn 'e natuer is de swartwangdwerchpappegaai in sosjale en aktive fûgel. Se wurde faak yn kloften fan 10 oant 20 fûgels sjoen, mar yn 'e drûge tiid kinne by wetterplakken somtiden wol hûnderten fûgels sjoen wurde. De fûgels binne tige ôfhinklik fan wetter en se moatte twaris deis drinke. Dêrom binne de fûgels nea mear as in pear kilometer fan wetter ferwidere.
Swartwangdwerchpappegaaien briede yn natuerlike holtes fan âlde Mopane-beammen, faak op in hichte fan sawat 10 meter. It briedseizoen rint fan jannewaris oant maaie yn gearhing mei de reintiid. In nêst bestiet meastentiids út 3 oant 6 wite aaien. De fûgels binne monogaam.
Status Healwei de 20e iuw binne tsientûzenen fûgels fan 'e soarte út it wyld wei fongen foar de hannel. Alhoewol't de fûgel hjoed-de-dei beskerme wurdt troch CITES, binne der ek no bedrigingen lykas yllegale fangst en drûchte en klimaatferoaring. Troch it kappen fan beammen, fral de Mopane-beammen dy't foar it nêsteljen wichtich binne, ferdwynt ek it oarspronklike leefgebiet. In soad boeren stappe hjoed-de-dei boppedat oer op gewaaks lykas mais, sadat it favorite sied fan 'e fûgel minder beskikber is.
It ferspriedingsgebiet fan 'e soarte is beheind. De wylde populaasje wurdt op 8.000 oant 11.500 fûgels rûsd. De IUCN klassifisearret de fûgel as kwetsber op 'e Reade list.
Avikultuer thumb|left|Blauwe kweekfoarm. Alhoewol't de fûgel yn it ferline massaal fongen is foar de hannel, wurde se hjoed-de-dei op lytsere skaal holden as bygelyks de bekende Fischer's dwerchpappegaai. Se binne oer it generaal wat rêstiger as oare dwergpapegaaien en meitsje minder leven. Se kinne it bêste yn groepen holden wurde yn grutte fûgelhokken en oars teminsten as in pearke. De fûgels binne tige gefoelich foar kjeld en in nachtferbliuw moat frij fan froast wêze. Der binne meardere kleursoarten yn kweekfoarm.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dwerchpappegaai Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia