De rôskopdwerchpappegaai (Agapornis roseicollis) is in fûgelsoarte yn it skaai dwerchpappegaaien út 'e famylje pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittacoidea).

Ferskining thumb|left|Fûgel út Nambyje, wêrfan't de helderblauwe stút goed te sjen is. De 15 oant 18 sm lange fûgel weaget 43 oant 63 gram en is de grutste fan it skaai. De fûgel is gersgrien en fan ûnder ljochter as fan boppe. Hy hat in helderblauwe stút en de kop hat in rôze gesicht en in reade krún mei om it each in ljochte eachring. De snaffel is hoarnkleurich.

Fersprieding De Agapornis roseicollis komt oarspronklik foar yn it súdwesten fan Afrika, fral yn Namybje (útsein de drûchste dielen fan 'e woastyn), súdwestlik Angoala en it noardlik part fan Súd-Afrika.

Harren habitat bestiet út drûge, iepen gebieten lykas savannes, iepen bosk en bercheftige streken. In betingst foar harren is dat der wetter yn 'e buert wêze moat, om't se regelmjittich drinke moatte.

Op oare plakken yn 'e wrâld binne troch ûntsnapte/loslitten fûgels ferwyldere populaasjes ûntstien. Bekend is in populaasje yn 'e stêd Phoenix yn Arizona (FS), dêr't se har sûnt de jierren 1980 goed oanpast hawwe.

Undersoarten Der wurde twa offisjele ûndersoarten erkend: Agapornis roseicollis roseicollis (de nominaatfoarm) - libbet yn Namybje en it noardwesten fan Súd-Afrika. Hat in ljochter masker en in helderblauwe stút. Agapornis roseicollis catumbella - allnnich yn it súdwesten fan Angoala om 'e stêd Catumbela hinne. Masker is djipper read, grien is yntinsiver en de blauwe stút hat in pearse glâns.

Hâlden en dragen thumb|left|Groepke rôskopdwerchpappegaaien. Rôskopdwerchpappegaaien binne koloniale brieders en nêstelje faak yn grutte groepen. De meast opfallende lokaasje is it brûken fan 'e grutte nêsten fan 'e Philetairus socius, mar se brûke ek spjalten yn rotsen en holtes yn beammen. De briedtiid falt tegearre mei de reinfal as der genôch iten is.

It iten bestiet fral út sied fan gerssoarten, oanfolle mei beien. Se moatte ferskate kearen deis drinke en sammelje har faak yn grutte groepen by wetterputten of natuerlike wetterboarnen.

Status Yn it ferline binne tûzenen fûgels fongen foar de hannel, fral yn Angoala. Yllegale fangst bliuwt in risiko foar de wylde populaasjes, mar de soarte wurdt in soad fokt yn finzenskip. Der is habitatferlies troch de kap fan beammen, dy't foar it nêsteljen wichtich binne. Se binne tige ôfhinklik fan 'e beskikberens fan wetter yn 'e buert en drûchte troch klimaatferoaring kin it ferspriedingsgebiet bedriigje. De fûgels profitearje lykwols ek fan minsken, dy't gelegenheid foar nêsten bouwe of wetterreservoirs oanlizze.

Avikultuer Yn 'e avikultuer is de Agapornis roseicollis ien fan 'e meast populêre en maklikst te hâlden dwerchpappegaaikes. Hy wurdt op grutte skaal holden fanwegen syn yntelliginsje en sosjale karakter. Se moatte altiten yn pearkes holden wurde om iensumens en gedrachsproblemen tefoarren te kommen yn romme en froastfrije fûgelhokken. Fan 'e soarte binne in soad kleurmutaasjes bekend.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dwerchpappegaai Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Eksoat yn Porto Riko Kategory:Eksoat yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika