Dwerchpappegaaien (Agapornis) foarmje in fûgelskaai yn 'e famylje pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae)

It binne lytse pappegaaikes fan 13 oant 17 sm lang, dy't oarspronkik allinnich yn Afrika besuden de Sahara foarkomme. Der binne njoggen ferskillende soarten en troch de avikultuer binne de rôskopdwerchpappegaai, Fischers dwerchpappegaai en swartkopdwerchpappegaai de bekendste soarten.

De fûgels binne yntelligent en tige sosjaal en foarmje pearkes foar it libben. Yn it wyld libje se yn lytse oant middelgrutte groepen. Se besteegje in soad tiid oan it fersoargjen fan inoars fearren en krûpe inoar faak oan. Yn 'e avikultuer moatte de fûgels dêrom altiten as pearke holden wurde (in mantsje en in pop of twa mantsjes, meardere wyfkes soarje foar swierrichheden). De fûgels moatte boppedat genôch útdagingen lykas boartersguod en romme fûgelhokken ha.

Yn it wyld ite de fûgels fral sied, beien, fruchten en somtiden knoppen fan beammen. Der binne ek soarten dy't in tige spesifyk dieet ha. Avokado's binne lykwols deadlik foar de fûgels.

It skaai waard yn 1836 troch Prideaux John Selby beskreaun, dy't de swartkraachdwerchpappegaai as typesoarte oanwiisde.

Soarten It skaai telt 9 soarten. Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Status 120px Fischers dwerchpappegaai Agapornis fischeri Tanzania, KeniaAgapornis fischeri op BirdLife International hast bedrige 120px griiskopdwerchpappegaai Agapornis canus MadagaskarArdea canus op BirdLife International net bedrige 120px Njasadwerchpappegaai Agapornis lilianae Malawy, Mozambyk, Tanzania, Sambia, SimbabweAgapornis lilianae op BirdLife International hast bedrige 120px readkopdwerchpappegaai Agapornis pullarius Sintraal en West-AfrikaAgapornis pullarius op BirdLife International net bedrige 120px rôskopdwerchpappegaai Agapornis roseicollis Angoala, Namybje, Súd-AfrikaAgapornis roseicollis op BirdLife International net bedrige 120px swartkopdwerchpappegaai Agapornis personatus Tanzania, KeniaAgapornis personatus op BirdLife International net bedrige 120px swartkraachdwerchpappegaai Agapornis swindernianus Reinwâlden West- en Sintraal-AfrikaAgapornis swindernianus op BirdLife International net bedrige 120px swartwangdwerchpappegaai Agapornis nigrigenis SambiaAgapornis nigrigenis op BirdLife International kwetsber 120px swartwjukdwerchpappegaai Agapornis taranta Etioopje en Eritreä Agapornis taranta op BirdLife International net bedrige

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Pappegaai fan de Alde Wrâld