De hyenahûnen of Afrikaanske wylde hûnen (wittenskiplike namme: Lycaon) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae), de ûnderfamylje fan 'e echte hûneftigen (Caninae), de tûke fan 'e echte hûnen (Canini) en de ûndertûke fan 'e wolfeftigen (Canina). Ta dit skaai, dat yn syn ferspriedingsgebiet beheind is ta Afrika, hearre de hyenahûn (Lycaon pictus) en inkele fossile soarten.
Taksonomy De hyenahûnen waarden yn 1827 as taksonomys skaai yntrodusearre troch de Ingelske mammalooch Joshua Brookes. De wittenskiplike namme dy't hy oan dit skaai joech, Lycaon, giet werom op 'e Grykske mytology. (Kening Lykaon fan Arkaadje wie in man dy't troch de god Seus feroare waard yn in wolf.) De hyenahûnen foarmje in hyperkarnivoare (útslutend karnivoare) kloft hûneftigen, dy't no inkeld noch fertsjintwurdige wurdt troch de hyenahûn (Lycaon pictus) út Afrika. Dy soarte jaget troch syn proaidieren oer langere ôfstannen te efterfolgjen, krekt sa't de wolf (Canis lupus) dat docht yn Jeraazje en Noard-Amearika.
De hyenahûnen spjalten har yn it Let-Plioseen (3,6–2,6 miljoen jier lyn) of it Ier-Pleistoseen (2,6–1,8 miljoen jier lyn) ôf fan 'e wolfeftigen (Canina). In wichtich ûnderskiedend skaaimerk fan dizze bisten wurdt foarme troch de bykommende rântsjes oan 'e foarkiezzen. Mei de tiid binne hyenahûnen lichter fan bou en tetradaktyl wurden, mar se binne hyperkarnivoaren bleaun. De bekendste fossile soarte út it skaai is sekowehûn (Lycaon sekowei), dy't yn it Ier-Pleistoseen libbe yn wat no Súd-Afrika wie. Dat bist wie minder in lange-ôfstânsdraver as de hjoeddeistige hyenahûn.
Guon paleöntologen binne fan tinken dat de hyenahûnen en de Aziatyske wylde hûnen (Cuon) beide ôfstamje fan 'e saneamde nuverhûnen (Xenocyon), dy't ornaris as ûnderskaai fan it skaai fan 'e hûnen (Canis) klassifisearre wurde. Oare saakkundigen slane foar om 'e útstoarne soarten út dat ûnderskaai, Falconers hûn (Canis falconeri) en de âldere hyenahûn (Canis lycaonoides) nei it skaai fan 'e hyenahûnen oer te pleatsen. Sa soene dan (nei de miening fan sokke saakkundigen) trije gronosoarten byinoar brocht wurde: Falconers hûn út it Let-Plioseen fan Jeraazje, de âldere hyenahûn út it Ier-Pleistoseen fan Jeraazje en Afrika, en de hyenahûn fan it Mid-Pleistoseen ôf.
Soarten
skaai hyenahûnen of Afrikaanske wylde hûnen (Lycaon) grutte hyenahûn (Lycaon magnus) † hyenahûn of Afrikaanske wylde hûn (Lycaon pictus) sekowehûn (Lycaon sekowei) †
Kategory:Sûchdiereskaai Kategory:Hûneftige