De trijekleurreager (Egretta tricolor) is in fûgel út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae). It is ien fan 'e soarten yn it skaai lytse reagers (Egretta).
Ferskining De trijekleurreager is in sierlike reager mei in lingte fan likernôch 60 oant 70 sintimeter en in spanwiidte fan 95 sintimeter. De fûgel is maklik te betiizgjen mei de lytse blauwe reager, mar is lytser. De fearren binne foar it grutste part blaugriis oant laaigriis. Der rint in tinne wite streek oer de foarkant fan 'e nekke, dy't faak wat brune of rustreade plakjes hat. De sydkanten fan 'e nekke kinne bytiden wat pearseftich of lavindelkleurich lykje.
Yn it briedkleed hat de fûgel lange, fine wite sierfearren efter op 'e kop. Hiel opfallend is dan de snaffel dy't fan kleur feroaret. Ornaris is dy giel en griis mei in swarte punt, mar yn 'e briedtiid begjint dy by de basis fel blau te kleurjen lykas ek in stikje hûd tusken de snaffel en it each. Op 'e rêch en nekke ferskine ljochtbrune en pearsich-fiolette sierfearren. De ornaris griisgiele poaten wurde opfallend rôze.
Juvenilen sjogge der oars út as folwoeksen fûgels. Sy hawwe in soad rustbrune of kastanjebrune fearren op 'e nekke en wjukken, dy't har in brúneftich oansjen jouwe yn ferlikening mei de blaugrize folwoeksenen.
250x250px 250x250px Briedkleed Juvenyl 250x250px 250x250px Mei iepen wjukken Detail
Fersprieding De fûgel briedt oan 'e kusten fan 'e Atlantyske Oseaan en de Golf fan Meksiko en de Pasifyske kust. Op 'e Bahama's, de Grutte Antillen en oan 'e beide kusten fan Sintraal-Amearika komt de soarte algemien foar en de fersprieding rint oan 'e Atalantyske kust fierder oant de mûning fan 'e Amasône yn Brazylje en de oan 'e Pasifyske kant oant it sintrale diel fan Perû.
De populaasjes yn it noarden binne trekfûgels, dy't winterdeis nei it suden lûke (lykas Florida, Meksiko of de Kariben. Yn 'e tropyske gebieten fan it ferspriedingsgebiet bliuwe de fûgels it hiele jier troch op it selde plak.
It habitat bestiet út kustgebieten, lykas sâltsompen, mangroves, lagunes en estuaria en de fûgel komt fierder selden ynlânsk.
Briedgedrach thumb|left|Pyk. De trijekleurreager briedt yn lytse koloanjes en is tige territoriaal. Se ferdigenje harren gebiet tsjin alle ynkringers. It fan tûken boude nêst wurdt heech yn 'e beammen boud, dêr't it wyfke trije oant fjouwer blaueftige aaien leit. It brieden, it fuorjen en it fersoargjen fan 'e piken is in aktiviteit fan it mantsje en it wyfke tegearre. It foerazjearjen bart meastentiids allinnich en hy jaget op fisk, amfibyen, kreeften en sok guod.
Status De trijekleurreager wurdt troch de IUCN klassifisearre as net bedrige (Least Concern, 2025). De wrâldpopulaasje wurdt op 206.000 oant 219.000 folwoeksen fûgels grute (2012). Alhoewol't de fûgel noch net fuortendaliks yn gefaar is, sjogge ûndersikers in ôfnimmende trend yn grutte dielen fan Noard-Amearika. Neffens rapportaazjes fan Breeding Bird Survey (BBS) hat de ôfname fan 'e soarte yn it briedgebiet fan 'e Feriene Steaten tusken 1966 en 2015 0.4% it jier west.Giorgia Biodiversity, S. Melvin, 2010 (oanpast yn 2019) Troch lokale ynstânsjes wurdt de fûgel dêr sels as bedrige (Threatened) beskôge.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lytse reager Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen