De kustreager (Egretta gularis) is in fûgel út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae).
Ferskining De kustreager is in relatyf lytse reager fan 55 oant 65 sintimeter lang en lykas de rifreager ien mei twa kleurfarianten: in laaigrize mei in wite kiel en in wite.
250x250px 250x250px Grize morf Wite morf
De wite morf fan 'e Egretta gularis kin maklik betize wurde mei de lytse wite reager (Egretta garzetta). De kustreager hat meastentiids in wat robústere en wat sterker nei ûnder bûge snaffel. Ek makket de soarte ornaris in wat kompaktere en swierdere yndruk. De bleate hûd tusken each en snaffel (de team) is faak grienich of gielich, wylst dy by de lytse wite reager meast grizich oant blaugrizich is, hoewol’t dy kleur yn de briedtiid feroarje kin.
Hâlden en dragen De briedtiid ferskilt geografysk. De fûgel briedt meastentiids yn lytse oant middelgrutte koloanjes, faak tegearre mei oare reagerfûgels, yn mangroves, strûken of lege beammen, somtiden op rotsige eilantsjes of kliffen. It nêst is in ienfâldich platfoarm fan tûken en in lechsel bestiet út 2–3 blaugriene aaien. De briedtiid duorret 21 oant 25 dagen. Beide âlden briede en fuorje de jongen en de piken ferlitte it nêst nei likernôch 4 oant 5 wiken.
De jachttechnyk fan 'e fûgel is in stadich rinnen troch ûndjip wetter en wachtsje oant der in proai komt. Somtiden jaget er ek aktyf mei rappe, energike bewegings.
Fersprieding en systematyk It ferspriedingsgebiet leit oan 'e Atlantyske kust fan Mauretaanje en Senegal súdlik oant Angoala, de kusten fan û.o. Eritreä, Somaalje, Kenia en Tanzania, de kusten fan 'e Perzyske Golf en de Reade See en by kusten en eilannen fan û.o. Madagaskar.
It habitat bestiet fral út rotsige seekusten, koraalriffen, lagunea en mangroves. De fûgel wurdt selden fier fan see sjoen.
Populaasjes yn it gebiet fan 'e Yndyske Oseaan wurde troch guon taksonomen as ûndersoarte of as aparte soarte behannele, itjinge ta taksonomyske diskusje laat.
Undersoarten Der binne twa erkende ûndersoarten:
Egretta gularis gularis - komt foar yn kustgebieten fan West-Afrika oant eilannen yn 'e Golf fan Guinee en yn Gabon. Egretta gularis schistacea - komt foar yn kustgebieten fan East-Afrika oant de Reade See, de Perzyske Golf en Súdeast-Yndia en Sry Lanka.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, 2025).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lytse reager Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Komoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Majot Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn de Seysjellen Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen