Ulbargen is in buorskip tusken Timmel yn it westen en Spetzerfehn yn it easten. It leit yn de gemeente Großefehn, fuort oan de B72.
Skiednis Om 1719 hinne bestie Ulbargen út sân pleatsen. Erhard Schulte: Kopfschatzung 1719, Upstalsboom-Gesellschaft-Aurich Neffens de oerlevering wenne hjir eartiids in haadling. It kastiel bûten it doarp soe Üterborg hjitten hawwe. Houtrouw: Ostfriesland - Eine geschichtlich-ortskundige Wanderung gegen Ende der Fürstenzeit In strjitnamme ferwiist hjoed-de-dei noch nei dy Üterborg. Tsjerklik hearde Ulbargen ta de parochy Timmel.
Op 1 july 1972 waard Ulbargen opnommen yn 'e nije gemeente Großefehn.
Namme It plak wurdt foar it earst neamd yn 1599 op Ubbo Emmius syn kaart fan East-Fryslân as Vlberge. Yn 1645 komt de namme Ulbergen foar. De hjoeddeiske stavering is yn gebrûk sûnt 1824. De namme wurdt ynterpretearre as in kombinaasje fan it wurd ul of ol (= sompe, heide) en de Leechdútske meartalfoarm fan Berg (berch). Ulbargen betsjut dêrom hichten yn de heide.
Kategory:Großefehn Kategory:Plak yn East-Fryslân