Siegelsum (Eastfrysk Plat: SiigelsumOostfräisk Woordenbauk) is in Eastfrysk doarp yn de gemeente Upgant-Schott yn 'e gearwurkingsgemeente Brookmerland yn 'e lânkring Auwerk yn 'e dielsteat Nedersaksen. It doarp is in streekdoarp en leit op in geastrêch en leit likernôch in kilometer súdlik fan it gemeentehaadplak Upgant-Schott.

Namme Siegelsum waard foar it earst neamd yn in lânferkeapakte yn 1450 as Sygildsum. Yn in akte fan 1475 fersegelet de preester Hero oan Sigelsum en yn in ynkomsteregister fan de karspels yn Fryslân út datselde jier wurdt Sigelum ek neamd. Yn 1478 wurdt it plak Sygheldsum neamd yn in oankeapakte, en om 1500 hinne wurde Sigelzum of Sergum neamd. De twa Eastfryske kaarten fan David Fabricius út 1589 en 1613, lykas de âldste kaart fan Ubbo Emmius út 1595 befetsje de namme Sigelsum. Op in kaart makke troch ynzjenieur Johann von Honaert yn 1674 wurdt it pla neamd as Sygelsum en de distriktbeheardere Cirk Heinrich Stürenberg neamt it ferskate kearen Siegelßum yn syn beskriuwing fan it distrikt Auwerk út 1735. De namme wurdt gauris mei fersin yn ferbân brocht mei in syl of mei bakstienfabriken, dy't dêr yndie oanwêch wiene. De namme is in gearlûking fan -um (hiem) en in persoansnamme.

Skiednis Siegelsum ûntstie mooglik yn 'e 13e iuw. It daorp ûntstie op 'e westlike râne fan in geastrêch omjûn troch broeklân. It doarp wie part fan 'e eardere goa Brokmerlân. Noardlik fan it doarp waard in dyk boud ta beskerming tsjin it wetter fan 'e Waadsee, om't de geastrêch net heech genôch wie om it doarp te beskermjen. Mooglik hat dêr in syl west by it doarp, want op dat plak waarden ikebalken en sânstiennen fûn.

Yn 'e tiid fan 'e haadlingen hat Siegelsum gjin residinsje fan in haadlingefamylje west. Dêr stiene lykwols al twa boargen fan 'e aadlike famyljes Von Steinecker en fan Siptet Remetson. Dy boargen waarden yn 'e rin fan 'e 18e iuw ôfbrutsen en op dy plakken dêr waarden pleatsen boud.

Siegelsum bestie letter benammen fan 'e lânbou.

Siegelsum wie oant 1972 in selsstannige gemeente.

Tsjerke It doarp hie al in tsjerke yn 'e 13e iuw, dy't yn 'e Tritichjierrige Kriich swier skeind waard en ôfbrutsen wurde moast. Yn 1822 waard de hjoeddeistige tsjerke boud fan 'e kleastermoppen fan 'e eardere tsjerke. De toer is de oarspronklike. De tsjerke mei it byhearrende tsjerkhôf en de tsjerketerp binne monumintaal beskerme.

Ferkear It spoar fan Emden nei Norddeich-Mole rint eastlik fan it doarp, alhoewol't Siegelsum sels gjin treinstasjon hat, stiet it tictste stasjon yn Marienhafe.

Befolkingsferrin

Jier Ynwenners Boarne 1823 277 1845 194 1871 185 Folkstelling 1871 1895 180 Folkstelling 1895 1910 174 Folkstelling 1910 1925 183 Michael Rademacher: Norden. Online-Material zur Dissertation, Osnabrück 2006. yn: eirenicon.com. 1939 171 1950 251 Regionaal gemeentlik ynformaasje- en registraasjesysteem GV-ISys (mei histoaryske befolkingsoantallen) 1961 215 1970 247

Kategory:Brookmerlân (Samtgemeinde) Kategory:Plak yn Auwerk (distrikt)