Kwakken of nachtreagers (Nycticorax) binne in fûgelskaai yn 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae). De namme Nycticorax betsjut letterlik nachtraven (fan it Gryksk nyktos: 'nacht' en korax: 'raven), itjinge ferwiist nei harren nachtlike aktiviteit en it skraskjende lûd dat se meitsje. Kwakken briede yn grutte dielen fan Europa, Afrika, Aazje en de Amearika's.
Kwakken binne reagers mei koarte nekken en poaten en kompakte bealchjes.
Se steane oan 'e wetterkant en wachtsje oant de proai tichtebykomt om dan ta te slaan mei harren snaffel. Oerdeis hingje se yn beammen of boskjes om, wylst se fral by it skimerjen en nachts aktyf binne. Harren iten bestiet út fisk, amfibyën, kreefteftigen, ynsekten en oare lytse bisten.
Soarten Der binne noch twa libjende soarten: Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Status 120px kwak Nycticorax nycticorax Europa, Aazje, Afrika, Noard- en Súd-Amearika net bedrigeNycticorax nycticorax op BirdLife International 120px readbrune nachtreager Nycticorax caledonicus Euraazje, Súdwest-Aazje net bedrigeNycticorax caledonicus op BirdLife International
Fjouwer bekende soarten binne útstoarn: Uitgestorven Reünionnachtreager - Nycticorax duboisi († ein 17e iuw, nei de Frânske kolonisaasje waard er rap seldsum troch jacht en yntrodusearre rotten en katten) Mauritsiusnachtreager - Nycticorax mauritianus († ein 17e iuw, tagelyk mei of fuort nei de dodo ferdwûn; oarsaak: jacht, ferneatiging fan leefgebiet en yntrodusearre sûchdieren) Rodriguesnachtreager - Nycticorax megacephalus († twadde helte 18e iuw, ferdwûn nei tanimmende minsklike aktiviteit en ekologyske fersteuring) Ascensionnachtreager - Nycticorax olsoni († mooglik foar 1500 útstoarn, bekend fan subfossilen)
Kategory:Fûgelskaai
Kategory:Reagerfûgel