De sniereager (Egretta thula) is in fûgel út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae). It is ien fan 'e soarten yn it skaai lytse reagers (Egretta). Ferskining De fûgel is hielendal sniewyt. Yn 'e briedtiid hat er lange, fine sierfearren op 'e rêch en de kop. Dy fiersearren sjogger der út as kant. De snaffel is folslein swart, útsein in stikje hûd by de basis fan 'e snaffel dat felgiel is. Syn lange poaten binne swart, mar de teannen hawwe in opfallende giele kleur. De iris fan 'e fûgel is meastentiids giel. De giele hûd tusken de eagen en de snaffel kin yn 'e briedtiid readeftich wurde en de giele teannen ferkleurje dan faak nei in oranje tint.
De fûgel waard yn it ferline faak mei de by ús bekende lytse wite reager as ien soarte behannele. Dochs binne der ferskillen:
Kenmerk Sniereager(Egretta thula) Lytse wite reager(Egretta garzetta) 200px 200px Kleur felgiel griis-blau / griis-grien Sierfearren op 'e kop in boskje koarte, rûge fearren twa lange, tinne fearren Efterkant poaten faak gielich / grienich meastentiids folslein swart Bou krekt wat lytser en finer krekt wat grutter en steviger
Ferspriedingsgebiet Sniereagers ha in grut ferspriedingsgebiet dat him oer it grutste part fan 'e Amearika's útwreidet. Yn Noard-Amearika briede se yn 'e Feriene Steaten (fral oan 'e kust en yn 'e súdlike steaten) en dielen fan Kanada. De noardlike populaasjes binne trekfûgels en fleane winterdeis nei it suden. Yn Sintraal-Amearika en de Kariben binne se it hiele jier te finen. De fûgel komt yn Súd-Amearika oant yn Sily en Argentynje foar.
De sniereager is net sinnich wat wetter oanbelanget en wurdt yn sawol swiet as sâlt wetter sjoen. Mangroves, sompen, marren, wiete greiden en iggen fan rivieren, esutaria of lytse puollen mei ûndjip wetter foarmje it habitat.
Undersoarten thumb|left|Sniereager. Der wurde twa ûndersoarten erkend:
Egretta thula thula (de nominaatfoarm): komt foar yn it easten en suden fan Noard-Amearika, yn hiel Sintraal-Amearika en it grutste part fan Súd-Amearika. De nominaatform is de lytsere fan de twa ûndersoarten. Se hawwe yn ferhâlding koartere poaten. Egretta thula brewsteri: komt foar yn it westen fan Noard-Amearika, fan 'e Rocky Mountains oant yn Neder-Kalifornje (Baja California) yn Meksiko. Se binne oer it generaal grutter en foarser as de thula-fariant. Fral de fûgels yn Neder-Kalifornje hawwe in tsjokkere en swierdere snaffel.
(Der binne lykwols wat strideraasjes oer de klassifikaasje. Guon wittenskippers hawwe yn it ferline noch in tredde ûndersoart útsteld, Egretta thula arileuca, foar de fûgels út it Grutte Dobbe (Great Basin) yn 'e Feriene Steaten, dy't tusken de oare twa yn sitte.)
Hâlden en dragen thumb|left|Piken. Yn 'e briedtiid ferkleurje de giele teannen nei in readoranje tint en de fûgels krije tige sierlike pronkfearren op 'e rêch en it boarst. It mantsje nimt meastentiids it inisjatyf om it nêst te bouwen en beide meitsje se de bou ôf. It wyfke leit meastentiids 3 oant 6 ljochtgriene oant blauwe aaien. De aaien wurde troch beide skaaien yn 20 oant 25 dagen útbret. Nei likernôch 20 oant 25 dagen nei it útkommen fan 'e aaien begjinne de jonge fûgels út it nêst te klauterjen en nei sa'n 30 dagen kinne se yn 'e regel fleane. De fûgels briede yn koloanjes.
It iten bestiet foar it grutste part út fisk en foar de rest fral út skaaldieren.
Yn finzenskip wurde de fûgels 16 oant 20 jier. Yn it wyld wurde se minder âld en yn it earste jier stjert goed 70% fan 'e jongen troch min waar of brek oan fretten. Nei't se it earste jier oerlibbe ha sakket is stjertesifer.Animal Diversity Web, oproppen 12 febrewaris 2026.
Status Sniereagers wienen oan 'e ein fan 'e 19e iuw yn grutte dielen fan it ferspriedingsgebiet hast útstoarn troch de slimme jacht op 'e fûgel fanwegen de fearren. Sûnt de ynfiering fan 'e Migratory Bird Treaty Act yn 1918 koe de populaasje him werstelle. Hjoed-de-dei foarmje fersmoarging, habitatferlies en festeuring troch minsken de grutste bedrigingen. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2025) op 'e Reade list.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lytse reager Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen