De readkielreager (Egretta vinaceigula) is in seldsume fûgel út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae). It is ien fan 'e soarten yn it skaai lytse reagers (Egretta).
Ferskining thumb|left|Fûgel yn it Nasjonaal Park Chobe, Botswana. Readkielreagers ha in laaigriis fearrekleed, in giele iris en giele poaten. De fûgel hat in soad fan 'e swarte reager (Egretta ardesiaca), mar ûnderskiedt him troch de wynreade kiel en it ûntbrekken fan 'e foar dy soarte spesifike jachttechnyk.
De readkielreager wurdt 43 oant 60 sintimeter lang, hat in spanwiidte fan 90 oant 95 sintimeter en weaget 250 oant 340 gram.
Fersprieding De fûgel komt fral foar yn it súdlike part fan Sintraal-Afrika. De wichtichste gebieten binne de Okavangodelta en de Chobe-rivier (in bolwurk fan 'e soarte) yn Botswana, de Caprivistripe yn Nambyje en de Kafue-flakten en de Bangweulu-sompen fan Sambia. Ut en troch wurde se ek yn Simbabwe, Angoala en it noarden fan Súd-Afrika waarnommen.
De fûgel is tier en allinnich te finen yn gebieten dy't yn it seizoen ûnder wetter strûpe, net djipper as 10 sintimeter. Hy sit it meast ferside yn tichte begroeiïng lykas reid en papyrus, dêr't er yn skjin wetter op fiskjes en kikkerts jaget. De fûgel wurdt selden waarnommen by grutte rivieren of op plakken dêr't minsken feroaringen brochten.
Briedgedrach thumb|left|Foerazjearjende readkielreager. It brieden fynt plak mei de wetterstannen yn it leefgebiet, meastentiids tusken maart en juny. Dat falt gear mei de tiid dat it wetter yn 'e Okavangodelta op syn heechst is. Se briede faak yn lytse koloanjes fan 1 oant 60 nêsten, somtiden mei de readbúkreager (Butorides rufiventris). It nêst leit yn tichte reidfjilden of yn lytse beammen en strûken op eilantsjes.
It wyfke leit yn 'e regel 1 oant 4 aaien, dy't yn 22 oant 24 dagen útbret wurde. It briedsukses fan 'e soarte is lykwols leech en út ûndersyk yn 'e Okavangodelta hat bliken dien dat mar 10% oant 30% fan 'e aaien yn fûgels dy't útfleane resultearje.
De fûgel is meast stânfûgel, mar is wol nomadysk en ferhûzet neffens de wetterstannen. Status De fûgel wurdt troch de IUCN op 'e Reade list as kwetsber klassifiseare. De wrâldpopulaasje wurdt op mar 2.500 oant 3.000 folwoeksen fûgels rûsd en de oantallen nimme stadichoan ôf. De wichtichste bedrigingen foar de fûgel binne habitatferlies troch de oanlis fan dammen en wetterbehear, wêrtroch't de natuerlike oerstreamingstiden feroarje. Troch toerisme wurde de briedplakken fersteurd en wiete gebieten wurde omset yn lânbougrûn. Fierder soargje ynvasive plantesoarten foar it tichtgroeien fan wetter, sadat de fûgel net mear fiskje kin.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lytse reager Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe