Prideaux John Selby (Alnwick, 23 july 1788 — Bamburgh, 27 maart 1867) wie in Britske natuerûndersiker, plantkundige, soölooch (benammen ornitolooch) en natuerhistoarysk yllustrator. De standert auteursôfkoarting P.Selby wurdt brûkt om him as auteur oan te jaan by it neamen fan in botanyske namme.
Biografy Selby waard berne yn Bondgate Street yn Alnwick yn Northumberland, as âldste soan fan George Selby fan Beal en Kastiel Twizell (ferstoarn 1804), en syn frou, Margaret Cook. Hy waard oplaat oan de Durham School. Hy studearre oan it University College, ien fan de kolleezjes fan de Universiteit fan Oxford. Yn 1804 erve er famylje-eigendommen (lân en bûten) yn Beal (Noard-Yorkshire]]) en foege om 1840 hinne it lângoed dêr by mei in wearde fan sa'n £14.000. Hy ferkocht de bûtenpleats Beal, dy't in oerflak fan 1.450 acres (590 ha) hie, yn 1850 foar £47.000 (£6.348.000 tsjin de prizen fan hjoed-de-dei).
Selby is benammen bekend as skriuwer en yllustrator fan Ilustrations of British Ornithology ('yllustraasjes fan de Britske ornitology'), de earste samling yllustraasjes fan fûgels fan de Britske eilannen op wiere grutte. 1825. Ilustrations of British Ornithology. Archibald Constable & co., Edingburgh. London.BHL Titelside Dêrnei folge in rige ryk yllustrearre boeken oer fûgels, mar bygelyks ek oer lânseigen en yntrodusearre soarten beammen yn Ingelân, net mei eigen yllustraasjes mar dy fan S. Williams. , 1842. History of British Forest-trees, indigenous and introduced John van Voorst, Londen. Titelside BHL Meastentiids wurke er gear mei William Jardine en ek dan wuaard gebrûk makke fan de yllustraasjes fan oaren, lykas bygelyks yn Yllustrations of the duck tribe, in wurk oer einen mei yllustraasjes fan Jardine en Selby, mar ek fan Edward Lear. , 1839?. illustrations of the duck tribe Jardine Hall, Lockerby. Titelside BHL
Mei William Jardine en George Johnston stifte er yn 1837 it "Magazine of Zoology and Botany". Yn 1827 waard er keazen ta fellow fan 'e Royal Society of Edinburgh.
Selby wie (meastal tegearre mei William Jardine) de auteur fan 11 skaaien en 27 soarten fûgels dy't anno 2023 op de IOC World Bird List as sadanich erkend wurde. (Eds). 2023. IOC World Bird List (v 13.2). Doi 10.14344/IOC.ML.13.1. IOC World Bird Names (version 13.2)
Kategory:Ingelsk botanikus Kategory:Ingelsk ornitolooch Kategory:Ingelsk yllustrator Kategory:persoan berne yn 1788 Kategory:persoan stoarn yn 1867