De swarte reager (Egretta ardesiaca) is in fûgel út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae). It is ien fan 'e soarten yn it skaai lytse reagers (Egretta).
Ferskining thumb|left|Swarte reager. De 42 oant 66 sintimeter fûgel is hast hielendal swart oant donkergriis fan kleur. Op 'e kop sit in túf fan lange, smelle fearren. De snaffel en poaten binne lang en swart, mar ûnder by de teannen wurde de teannen felgiel en yn 'e briedtiid kin it giel sels ferkleurje nei read. De eagen hawwe in giele oant donkerbrune iris.
Fersprieding De swarte reager komt foar yn Afrika besuden de Sahara en op Madagaskar. It ferspriedingsgebiet rint fan Senegal yn it westen oant Etioopje en Eritreä yn it easten en fierder hielendal nei it suden oant Súd-Afrika.
De fûgel is meast in stânfûgel, mar lokaal migrearje se ôfhinklik fan 'e rein en it wetterpeil. De swarte reager hâldt fan ûndjip, stilsteand of stadich streamend wetter, lykas marren en puollen, mar ek yn mangroves. De fûgel ûntbrekt yn it Kongobekken en yn drûge woastyngebieten.
De fûgel is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling is yn ûndersoarten.
Hâlden en dragen thumb|left|Jeiende fûgel. De fûgel is tige bekend fanwegen syn jachttechnyk: hy rint stadichoan troch ûndjip wetter en spriedt dan ynienen syn wjukken yn in rûne foarm as in paraplu om 'e kop hinne. De punten fan 'e fearren reitsje it wetter hast oan, wêrtroch't der in folsleine sirkel fan skaad ûntstiet. Dat docht de reager om fisken te lokken dy't in skadich plak sykje tsjin de sinne of oan rôffûgels ûntkomme wolle. In oar foardiel foar de reagers is dat troch de paraplu de skittering fan 'e sinne ferdwynt en it foar de reager ienfâldiger wurdt om de proai te lokalisearjen.
Alhoewol't se faak allinnich jage, binne it ek sosjale fûgels. Se wurde geregeldwei yn groepen fan 50 oant wol 200 fûgels sjoen op plakken dêr't in soad iten is.
De fûgels briede yn grutte groepen oant wol hûnderten nêsten, faak yn selskip fan oare reagers, ibissen of ielguozzen. In wyfke leit trochstrings 2 oant 4 aaien. De aaien hawwe in opfallende donkerblauwe oant griisblauwe kleur. Beide âlden briede de aaien yn likernôch 25 dagen út en fersoargje de jongen. De piken sitte by it útkommen yn griis dûns en hawwe in wite túf op 'e kop. Sadree't de jongen útflein binne, begjinne se fuortendaliks mei it oefenjen fan harren ferneamde jachttechnyk.
Status De fûgel wurdt troch de IUCN op 'e Reade list klassifisearre as net bedrige (Least Concern). De wrâldpopulaasje wurdt op 25.000 oant 100.000 fûgels rûsd. Hoewol't de fûgel yn grutte dielen fan Afrika algemien foarkomt, wurdt der yn regio's lykas Súd-Afrika in lichte delgong yn 'e waarnimmings rapporteare. Op Madagaskar is de tebekgong fan 'e soarte foars en dêr wurdt de fûgel yntusken as bedrige beskôge. Minsken foarmje foar de swarte reager de grutste bedriging.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lytse reager Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe