Lucia Martha Brigitta Catharina (Luzette) Kroon (16 jannewaris 1967) is in Nederlânske bestjoerder en partijleas politikus. Sûnt 4 febrewaris 2020 is sy dykgraaf fan Wetterskip Fryslân. Twitterbericht Arno Brok d.d. 4 febrewaris 2020

Biografy Berne yn West-Fryslân en opgroeid yn Midwoud, studearre Kroon ûnder oare oan de Hegeskoalle foar Toerisme en Ferkear en oan de Hegeskoalle Inholland, dêr't se yn 1995 ôfstudearre yn de bedriuwsekonomy. Earder studearre se dêr ôf yn ynternasjonale marketing (1992).

Letter waard se aktyf yn de lokale polityk as wethâlder fan de gemeente Drechterland út namme fan de lokale partij Gemeentebelangen Drechterland (2004-2012). Ek wie se foarsitter fan Gemeentlike sûnenstsjinst (GGD) Hollands Noorden en fan it gearwurkingsferbân de Westfriese Omringdijk. Lanlik wie sy fan 2006 oant 2012 aktyf as sekretaris fan de Vereniging Nederlandse Gemeenten (VNG) en op ferskate wetterdossiers lykas it deltaprogramma Iselmargebiet en swietwetter.

Luzette Kroon is skieden en hat trije bern.

Boargemaster fan Waterland Yn 2012 waard Wagenaar-Kroon foardroegen foar beneaming ta boargemaster fan de gemeente Waterland mei yngong fan 13 septimber 2012. Se liet Kommissaris fan de Kening Johan Remkes witte ein 2017 wer beneamd wurde te wollen Luzette Wagenaar-Kroon wil tweede termijn in Waterland Noordhollands Dagblad, 27 novimber 2017 en op 15 maart 2018 hat de ried fan de gemeente har foardroegen foar in twadde termyn. Op 31 jannewaris 2020 hat sy ôfskied naam fan de gemeente Waterland.

Under har boargemasterwêzen wie sy foarsitter fan de pleatslik kommisje fan de Koninklijke Nederlandse Redding Maatschappij (KNRM) yn Marken.

Dykgraaf fan Wetterskip Fryslân Op 19 novimber 2019 is Kroon troch it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân foardroegen as nije dykgraaf fan dit wetterskip. Algemeen bestuur beveelt Luzette Kroon aan als kandidaat-dijkgraaf Wetterskip Fryslân, 19 novimber 2019 Op 4 febrewaris 2020 waard sy yn dy funksje beëdige en ynstallearre troch kommissaris fan de Kening Arno Brok.

Oare funksjes Yn 2014 waard Kroon bestjoerslid fan de Stichting Waterrecreatie Nederland. Yn 2015 en 2016 wie sy foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch fan it Suderseemuseum yn Inkhuzen.

Kategory:CDA-politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Nederlânsk wethâlder Kategory:Nederlânsk dykgraaf Kategory:Nederlânsk konservatyf Kategory:Westfrysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1967