La Chapelle-Montligeon is in doarp en gemeente yn it Frânske departemint Orne (Normandje). It plak leit yn it hert fan it Regionale Natuerpark Perche en is ferneamd om 'e imposante Notre-Damebasilyk, in wichtich beafeartsplak.

It besjen wurdich

De grutte neogoatyske Us-Leaffrouwebasilyk út de lette 19e iuw oerhearsket de omkriten mei de twa 60 m hege tuorren. Yn 'e tsjerke binne û.o. de brânskildere ramen it besjen wurdich. Tige bekend is it haadalter fan carrara-moarmer.

De Église Saint-Pierre (Sint-Pitertsjerke) is de âlde parochytsjerke fan it doarp en datearret út 'e 16e iuw. De pastorij yn it doarp datearret fan 'e 18e iuw.

Ofbylden

Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Gemeente yn Frankryk Kategory:Plak yn Orne Kategory:Gemeente yn Orne