Noard-Kaap is in provinsje fan Súd-Afrika. De provinsje is ynsteld yn 1994, doe't de eardere Kaapprovinsje spjalte waard yn Noardkaap, West-Kaap en East-Kaap. Yn it westen leit de Atlantyske Oseaan, yn it noarden Namybje en Botswana, yn it easten Noardwest en Oranje Frijsteat, en yn it súden East-Kaap en West-Kaap.

Noard-Kaap is wat oerflak oanbelanget nei it opspaltjen de grutste provinsje fan Súd-Afrika, mar ek de provinsje mei de minste ynwenners, om't in grut part fan de healwoastyn Karoo yn dit gebiet leit. Yn it noarden wennet in lyts part fan 'e Tswana, mar fierders wurdt yn dizze provinse fral Afrikaansk praat. De haadstêd fan 'e provinsje is Kimberley.

Geografy It lânskip wurdt foar in grut part bepaald troch de Karoo en de Kalahary-woastyn. De Oranjerivier streamt troch de provinsje en is tige wichtich foar de lânbou (benammen wyn- en fruitbou by Upington). Grutste plakken Offisjele namme Ynwenners Bysûnderheden Kimberley 225.000 Haadstêd; ferneamd om "Die Groot Gat" (diamantmyn). Upington 75.000 Sintrum foar lânbou en de poarte nei de Kalahary. Douglas 20.000 Leit by it gearkommen fan 'e Vaalrivier en de Oranjerivier. De Aar 30.000 Wichtich spoarknooppunt foar Súd-Afrika. Kuruman 13.000 Bekend om "Die Oog", in natuerlike wetterboarne yn 'e woastyn. Springbok 12.000 Haadplak fan 'e Namakwa-regio.

Skiednis De Noard-Kaap is yn 1994 ûntstien doe't de âlde Kaapprovinsje opdield waard yn trije nije provinsjes Noard-Kaap, West-Kaap en East-Kaap. It gebiet hat in ryk ferline dat weromgiet op 'e San en de Khoikhoi, de oarspronklike bewenners fan 'e krite. Yn 'e 19e iuw waard de skiednis fan 'e provinsje bepaald troch de ûntdekking fan diamanten by Kimberley yn 1871, wat late ta in diamantkoarts en de opkomst fan it diamantebedriuw De Beers.

Bestjoer De haadstêd en grutste stêd is Kimberley. De provinsje is tinbefolke, wat it bestjoer oer sa'n grut oerflak útdaagjend makket.

Kaart fan de gemeenten Bestjoerlike yndieling 300px|border|noneNoard-Kaap is opdield yn 5 distriktsgemeenten:

Frances Baard (haadplak: Kimberley) John Taolo Gaetsewe (haadplak: Kuruman) Namakwa (haadplak: Springbok) Pixley ka Seme (haadplak: De Aar) ZF Mgcawu (haadplak: Upington)

De provinsje hat yn totaal 26 lokale gemeenten.

Befolking De Noard-Kaap is de iennige provinsje dêr't it Afrikaansk de dominante taal is. De taal wurdt troch in krappe mearderheid fan 'e befolking as memmetaal, fral troh de blanken en keurlingen. De twadde taal is it Tswana (31,9%), dat fral yn it noardeasten fan 'e provinsje praat wurdt.

Befolkingsûntwikkeling (1996–2022) Jier 1996 2001 2011 2022 Inwennertal 1.011.864 991.876 1.145.861 1.355.946 Groei (%) — -2,0% +15,5% +18,3% Boarne: Statistics South Africa (Census 2022 Statistical Release)

Toerisme thumb|260px|Augrabieswetterfal. thumb|260px|Namakwalân. Wichtige toeristyske attraksjes binne:

It Nasjonaal Park Augrabiesfalle, dêr't de Oranjerivier mei geweld yn in djip ravyn stoart. It Kgalagadi Transfrontier Park, in grut wyldreservaat op 'e grins mei Botswana. Namakwalân, dat yn de maitiid (augustus/septimber) feroaret yn in ûnbidich grut fjild mei wylde blommen. De Square Kilometre Array (SKA) is in gigantysk radioteleskoop-projekt Carnarvon.

Kategory:Provinsje fan Súd-Afrika Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1994