De Us-Leaffrouwebasilyk (basilique Notre-Dame de Montligeon) is in roomske tsjerke yn La Chapelle-Montligeon yn it Normandyske departemint Orne. De beafeartstsjerke fan it bisdom Sées is wijd oan Marije, befrijster fan sielen yn it Fagefjoer. De neogoatyske tsjerke hat de status fan in basilica minor en stiet op 'e list fan histoaryske monuminten. De basilyk waard om de iuwwikseling fan 'e 19e nei de 20e iuw boud en is ryk oan keunstwurken (glês-yn-lead, mozaïken, bylden). In grut beafeartskompleks fan ferskillende gebouwen omfiemet de tsjerke.

Skiednis Yn 1876 ferlear pryster Paul-Joseph Buguet (1843–1918) yn koarte tiid trije famyljeleden: syn broer Auguste en twa omkesizzers. Dat brocht him derta om in gebedswurk op te setten foar de fergetten sielen yn it fagefjoer. Doe't Buguet yn 1878 as pastoar yn La Chapelle-Montligeon kaam, wie it doarp earm en moast in soad jongerein ferhûzje foar wurk earne oars. De pryster woe spirituele help oan 'e deaden keppelje oan sosjale help foar de libbenen en die dat ûnder it motto minsken bidden litte foar de fergetten sielen en troch dy sielen de middels krije om arbeiders in fatsoenlik bestean te jaan.

Mei de goedkarring fan 'e biskop rjochte Buguet de "Association pour la délivrance des âmes délaissées du Purgatoire" op. Hy reizge de hiele wrâld oer om leden en fûnsen te werven. Om wurkgelegenheid te kreëarjen, begûn er in printerij yn 'e pastorije. Dy groeide út ta in grut bedriuw, dat de publikaasjes foar syn wurk fersoarge.

Bou basilyk Foar de bou fan 'e tsjerke (1896-1911) waard op 4 juny 1896 de earste stien lein. De earste misse koe yn 1911 fierd wurde, alhoewol't de tsjerke earst flak foardat Buguet yn Rome yn 1918 ferstoar folslein klear wie. Syn lichem waard letter werombrocht nei de krypt fan 'e basilyk yn Montligeon. Ek hjoed-de-dei bringe noch tûzenen pylgers in besite oan 'e tsjerke en syn grêf .

De ynwijing fan 'e tsjerke fûn op 28 augustus 1928 plak. De oare deis joech paus Pius XI de titel fan in basilyk.

Beskriuwing De tsjerke hat in grûnplan fan in Latynsk krús mei in skip, sydskippen, in dwersskip en in koer mei in omgong en en in kapellekrâns. De lingte fan 'e basilyk is 74 m en it dwersskip is 32 m breed. De twa karakteristike tuorren binne 60 meter heech. thumb|left|Haadalter. Yn 'e tsjerke stiet in ferneamd byld fan 3,7 m heech fan wyt carrara-moarmer boppe it haadalter, dat makke is troch Giulio Tadolini. It stelt Marije foar mei it bern Jezus wylst hja twa sielen helpt: ien dy't noch fêstsit yn it fagefjoer en ien dy't troch Jezus kroand wurdt.

De glês-yn-leadramen binne tusken 1917 en 1947 seten makke troch de glesker Louis Barillet. Se kombinearje neogoatyske eleminten mei ynfloeden fan 'e Art Deco, it kubisme en it fauvisme. De ramen ferbyldzje sênes fan 'e ferlossing en de mienskip fan hilligen.

De flier is oerdutsen mei 1.400 m² oan mozaïken mei geometryske patroanen, dy't it hiele skip en de sydskippen beslaan.

Yn 'e boppeste gallerij fan 'e apsis steane 32 bylden fan hilligen, wêrûnder tiidgenoaten fan Buguet.

Kategory:Bouwurk yn Normandje Kategory:Basilyk yn Frankryk Kategory:Bouwurk út 1911