Ludzer Jacobus Eringa (Parregea, 4 novimber 1901 – Calvi, Korsika, 22 juny 1962) wie in Nederlânske akteur fan Frysk komôf, bekend fan û.o. Boefje en de film Willem van Oranje.

Biografy Hy wie de soan fan Geeske Ytsma en predikant Dirk Eringa, dy't yn 1906 ferstoar. Foar safier't bekend is, bleau er frijfeint.

Hy gie nei it gymnasium dat er nei alle gedachten net ôfmakke. By syn militêre ynspeksje wie er kantoarklerk mei trije jier gymnasiumûnderfining. Hy waard lykwols oanlutsen ta it teäter. In besite oan Berlyn brocht him yn kontakt mei aktrise Adèle Sandrock, dy't him ûnder har hoede naam. Hy studearre dêr ek oan de Reinhardtskoalle. De krisisjierren yn Dútslân brochten him werom nei Nederlân.

Hy wie as toanielspiler ferbûn oan de stedsteäters fan Weimar en Eisenach, de Koninklijke Vereeniging Het Nederlandsch Tooneel fan Willem Royaards, it Hofstad Tooneel, START en selskippen fan Dirk Verbeek (De Haach) en Cor Hermus (Amsterdam).

Njonken syn wurk foar it toaniel en de film, ferskynde er yn ferskate harkspullen op de radio, wêrûnder Paul Vlaanderen. Om 1953 hinne ferfear er nei Korsika, dêr't hy en syn kollega Floor Middag in hotel, gasthûs en fersoargingshûs (Maison Viola) hiene. Syn fuortgean wie min ofte mear twongen. Troch problemen mei de Dútske besetters wie syn sûnens efterútgien; hy krige it advys om nei sinniger regio's te ferhúzjen.

Films Jier Titel Rol 1934 Willem van Oranje Van Hoogstraten 1935 Het mysterie van de Mondscheinsonate Net bekend 1936 Merijntje Gijzens Jeugd Offisier fan Justysje 1936 Klokslag twaalf Net bekend 1939 Boefje Net bekend 1948 But Not in Vain 2de Gestapo-man 1949 Een koninkrijk voor een huis Net bekend 1950 Myrte en de Demonen De Moanne 1952 Le banquet des fraudeurs Nederlânske boargemaster

Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk harkspulakteur Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Frysk filmakteur Kategory:Frysk harkspulakteur Kategory:Frysk toanielakteur Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Parregea Kategory:Persoan berne yn 1901 Kategory:Persoan stoarn yn 1962