thumb|De dwerg Robertus Satanius, 1720 (kolleksje Ryksmuseum Amsterdam) sigjearre F. Folkema Fop(k)je Folkema (Dokkum, 19 oktober 1690 - Amsterdam, 31 desimber 1752 Heiligewegs- en Leidsche Kerkhof, DTB 1240, s.119fo en s.120.) wie in gravearster en etster.
Biografy Fopje Folkema waard berne yn Dokkum as dochter fan Johannes Jacobs. Folkema (ek: Folckama, Tsjummearum 1735), goud - en sulversmid en graveur, en Brechtsje Jacobs Faber (Amsterdam, 1728). Se hie in suster Anna (1695 -1768) en broer Jacob (Jacob Amsterdam, 1767). Har heit, ôfkomstich út Makkum, en har mem, út Inkhuzen, wiene yn Dokkum op 23 maart 1684 troud. .Undertrouregister Gerjocht Dokkum, argyfnûmer 28, Kolleksje doop-, trou-, lidmaten- en begraafboeken - Tresoar, ynventarisnûmer 174, aktenûmer 231. Om 1708 hinne ferhuze de húshâlding Folkema nei Amsterdam, dêr't har nei wenjen sette oan de Westermerk. Yn 1722 (û.m. 2 april Amsterdam) boaske Fopje Folkema mei Pieter Prishard (1691–foar 1753). Ynskreaun mei de achternamme Volkema, DTB 559, s.350. Ut dit houlik binne gjin bern bekend. By har ferstjerren, yn 1752, wie Fopje Folkema widdo.
Wurken Fopje Folkema wurke nei alle gedachten benammen gear mei har suster en har broer. Der is net in soad eigen wurk fan har bekend. De printen fan de dwerch Robertus Satanius (1716), de dwerch Suavius Mellidonius (1720), de dwerch Jan Hagel as in Hollânske boatsfeint (1720) en de dwerch Patrones der Scheel-heyd yn de Opera der Heese Concertridders (1720) binne fan har hân. Oare etsen út de rige Het Dwergentooneel, dy't de kolleksje fan it Ryksmuseum Amsterdam hat, binne yn'e mande mei oaren makke.
Nei har houlik is Fopje Folkema nei alle gedachten ophâlden mei wurkjen.
Kategory:Frysk graveur Kategory:Frysk etser Kategory:Nederlânsk graveur Kategory:Nederlânsk etser Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Dokkum Kategory:Persoan berne yn 1690 Kategory:Persoan stoarn yn 1752