De Fokker F.25 Promotor wie in fjouwerpersoans sakefleachtúch mei in triuwskroef en twa sturtbeammen dat yn in lytse searje boud waard troch de Nederlânske fleantúchbouwer Fokker. It tastel waard fierhinne eksklusyf ûntwurpen foar de Frits Diepen Vliegtuigen N. V. Hooftman, Hugo - Fokker, Neerlands grootste vliegtuigbouwer- Arti, Alkmaar en like in soad op it Difoga 421 - fleantúch dat yn it geheim yn de Twadde Wrâldoarloch ûntwikkele wie. De F.25 die ek tinken oan it foaroarlochske G.1-ûntwerp. Flight 3 oktober 1946, s. 359.
Dit earste nei-oarlochske model fan Fokker makke syn earste flecht op 20 oktober 1946 en waard letter dat jier tentoansteld op 'e Paryske Loftshow. Hooks Aeroplane maart 2013, s. 32 Under de proefflechten waard de berekkene faasje net helle om't de romp mear luchtwjerstân bea as ferwachte. De romp waard dêrnei ferlinge, mar dat brocht wer oare problemen mei. De propelleras moast no ek ferlinge wurde, mar troch it triljen fan de ferlingde as rekken no de aslagers stikken.
De takomst foar de F.25 seach der net goed út. Net allinnich fanwege dizze technyske problemen, mar ek omdat der in soad oanbod wie fan soartgelikense fleantugen, no't yn Amearika tûzenen oarlochsfleantugen omboud waarden foar privee/saaklik gebrûk.
Fokker wurke tagelyk oan de S.11. Uteinlik waard it projekt foar de F.25 yn 1949 stopset. De 21ste F. 25 wie doe yn oanbou. Alle F.25's binne yn 1947 -1950 sloopt.
Technyske feiten thumb|Fokker Promotor Feiten Bemanning 1 Passazjiers 3 Lingte 8,53 m Spanwiidte 12,01 m Hichte 2,64 m Fleugeloerflak 17,5 m² Gewicht leech 920 kg Maks. gewicht 1350 kg Krúsfaasje 193 km/o Maks. faasje 217 km/o Motor 1x Lycoming O-435 A, 6 sylider boksermotor fan 190 hk
Kategory:Fokker Kategory:Nederlânske sakefleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1946