De Kaspyske wilster (Anarhynchus asiaticus, synonym Charadrius asiaticus) is in waadfûgel út 'e famylje fan wilsterfûgels (Charadriidae).

Ferskining

De Kaspyske wilster wurdt 19 oant 21 sm lang. Yn 'e briedtiid is it mantsje goed te werkennen troch it oranjebrune boarst, dat ûnder mei in smelle swarte bân ôfset wurdt. Fierder hat de fûgel sawol yn as bûten de briedtiid in opfallend brede wite eachstreek. Jonge fûgels, wyfkes en folwoeksen mantsjes bûten de briedtiid ha in soad fan 'e woastynwylster (Anarhynchus leschenaultii) en de Sibearyske sânwilster (Anarhynchus mongolus). Dy soarten binne like grut en ek meast griisbrún. De Kaspyske wilster is lykwols eleganter fan foarm en hâlding mei spitse wjukken.

Fersprieding De fûgel komt foar yn iepen en drûch gerslân, mar ek sâlte gebieten yn Sintraal-Aazje, fral noardlik en eastlik fan 'e Kaspyske See en fierder yn Kazachstan en oant yn Noardwest-Sina. Hy oerwinteret yn Afrika. De soarte is net ferdield yn ûndersoarten.

Yn West-Europa is de fûgel in seldsume swalker.

Status Kaspyske wilsters ha in grut ferspriedingsgebiet. Dêrom allinnich al is de kâns op útstjerren lyts. De populaasje wurdt der lykwols fan fertocht stadich ôf te nimmen. De IUCN klassifisearre de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2018) op 'e Reade list. De grutte fan 'e populaasje waard yn 2016 op 40.000 oant 55.000 fûgels rûsd.

De grutste bedriging foar dizze soarte is de ferneatiging fan natuerlike steppes en greidlannen troch oerbeweiding en yntinsivere lânboupraktiken, benammen yn it Jeropeeske briedgebiet fan syn ferspriedingsgebiet (del Hoyo et al. 1996), dêr't de soarte no as regionaal útstoarn beskôge wurdt (BirdLife International 2015).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dûkelmantsje Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje