De Sint-Egidiustsjerke (Église Saint-Gilles) is in monumintale goatyske tsjerke yn 'e Frânske stêd Abbeville. De tsjerke is sûnt 1926 in histoarysk monumint (monument historique).
Skiednis De bou fan 'e tsjerke is lestich fêst te stellen. Oannommen wurdt dat de tsjerke al yn 1205 bestie. thumb|left|200px|Flamboyant portaal mei Egidius as portaalbyld. Yn 1414 fûn in werbou fan 'e tsjerke plak yn 'e styl fan 'e flamboyante gotyk. Dêrnei folge tusken 1485 en 1528 in útwreiding.
Yn 1720 waard in klokketoer tafoege, dêr't oarspronklik 10 klokken yn hongen. Mei't yn 1729 twa pylders it bejoegen storte it ferwulft fan 'e tsjerke yn. Yn 1765 sloech de bliksem yn wêrtroch de klokketoer skansearre rekke en it oerwurk ferlern gie.
De tsjerke waard yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje ûntwijd en as opslach foar feefoer brûkt.
In neogoatyske restauraasje folge yn 1874. De tsjerke krige doe ek in oargel op 'e kreake boppe de yngong fan it skip.
Ferneatiging De bombardeminten op Abbeville fan 20 maaie 1940 ferneatigen in grut part fan 'e tsjerke. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard pryster Pierre Carpentier fanwegen fersetswurk yn 1942 deportearre nei Bochum en yn 1943 yn 'e âldens fan 31 jier eksekutearre.
Restauraasje Nei de Twadde Wrâldkriich waard de tsjerke restaurearre yn in eigentiidske styl mei pylders fan beton en houten ferwulften. Yn 'e tsjerke is in krús mei in korpus út de 16e iuw. De ramen binne modern en de bylden fan in Madonna en Sint-Egidius datearje fan 'e 20e iuw. Ek de krúswei is modern. De restauraasje fan 'e tsjerke is yn 1967 foltôge.
Kategory:Abbeville Kategory:Tsjerkegebou yn Frankryk Kategory:Bouwurk út de 15e iuw