De tsjoksnaffelwilster (Anarhynchus wilsonia, synonym: Charadrius wilsonia) is in fûgel út 'e famylje fan 'e wilsterfûgels (Charadriidae).
Ferskining thumb|left|Fûgel yn briedkleed. De tsjoksnaffelwilster wurdt 17 oant 20 sintimeter lang. It meast karakteristike oan 'e soarte is de donkergrize snaffel, dy't foar in wilster fan dit formaat grut is. De foarholle is wyt en de krún griisbrún. Fan 'e snaffel rint in griis oant kastanjebrune streek fan 'e snaffel ûnder it each lâns oant yn 'e nekke. De wjukken binne griisbrún en ûnder is de fûgel wyt mei in swarte streek oer it boarst. De poaten binne rôze en ha mear kleur yn 'e briedtiid. Bûten de briedtiid is it swart ferfongen troch brún of readbrún. By jonge fûgels is de bân oer it boarst meastentiids net folslein. De rop is in helder mar swak fluitsje.
Fersprieding Tsjoksnaffelwilsters binne foar in part in trekfûgel, oare populaasjes lykas dy fan Súd-Amearika binne stânfûgels.
De tsjoksnaffelwilster wurdt meastentiids yn fjouwer ûndersoarten ferdield:
Anarhynchus wilsonia wilsonia – briedt yn kustgebieten fan it easten fan 'e Feriene Steaten, Belize en de Kariben; oerwinteret oant yn Suriname. Anarhynchus wilsonia beldingi – komt foar oan 'e Pasifyske kust fan Baja California oant Súd-Perû. Anarhynchus wilsonia cinnamominus -komt foar yn 'e noardlike kustgebieten fan Súd-Amearika, fan Kolombia oant Frânsk-Guyana en op Arûba en Bonêre, Isla Margarita en Trinidad. Anarhynchus wilsonia crassirostris – kustgebied fan Noardeast-Brazylje (Amapá oant Bahia).
Hâlden en dragen Tsjoksnaffelwilsters binne sterk oan kustkriten bûn en foerazjearje op strannen op krabben, ynsekten, wjirmkes en seekladden. De fûgel briedt fan april oant begjin july. It nêst is in groeven kûltsje fuort yn 'e grûn. In lechsel bestiet meast út trije aaikes, dy't troch beide âlders yn 23 oant 24 dagen útbret wurde.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar der wurdt tocht dat de soarte ôfnimt, mar noch net sa bot dat de fûgel bedrige wurdt. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld klassifisearret de soarte op 'e Reade list as net bedrige (Least Concern, 2025). De populaasje wurdt op 26.550 oant 31.650 (2025) rûsd.
Namme De wittenskiplike namme ferwiist nei de Amerikaansk-Skotske ornitoloochg Alexander Wilson dy't it type-eksimplaar sammele.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dûkelmantsje Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Grenada Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen