De frankolinen (wittenskiplike namme: Francolinus) foarmje in skaai fan 'e famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae) yn ‘e ûnderfamylje fan 'e echte fazanten (Phasianinae). It skaai befettet trije soarten. Earder waarden soarten dy't no as fjildfrankolinen (Campocolinus), kwartelfrankolinen (Ortygornis), rûchfearfrankolinen (Scleroptila) en patriisfrankolinen (Pternistis) klassifisearre wurde, ek opnommen yn it skaai Francolinus.
Fersprieding De trije soarten fan de frankolinen binne lânseigen yn súdlik Aazje (Turkije oant Súdeast-Sina).
Soarten
skaai frankolinen (Francolinus) pearelfrankolyn (Francolinus pintadeanus) bûnte frankolyn (Francolinus pictus) swarte frankolyn (Francolinus francolinus)
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Fazanteftige