De Maleiske wilster (Anarhynchus peronii) is in waadfûgel yn it skaai dûkelmantsjes (Anarhynchus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae)

Ferskining De Maleiske wilster is in lytse wilster fan 14 oant 16 sintimeter. Hy hat in soad fan it nau besibbe dûkelmantsje, mar is wat lytser en steviger. It mantsje hat in swarte bân op 'e foarholle, in rustkleurige kroan en in swarte eachstreek. Hy is wyt oan 'e ûnderkant en hat in smelle wite kraach en dêrûnder in swarte bân dy't trochrint oant it boarst. Yn 'e flecht is in wite wjukbân sichtber. By it wyfke wurdt it swart op 'e kop en it boarst ferfongen troch rustbrún, somtiden mei swarte plakken. It dûkelmantsje mist de swarte bân by it mantsje en de rustbrune bân by it wyfke, wylst de poaten donkerder binne.

Fersprieding De fûgel wurdt oan sânkusten fan Súdeast-Aazje oantroffen, mear spesifyk fan súdlik Tailân, it Maleiske Skiereilân, súdlik Kambodja en súdlik Fjetnam oant Sumatra, Borneo, de Filipinen en Selebes en fan Baly oant Timor. Hy wurdt as monotypysk behannele, dat wol sizze dat er net ferdield is yn ien of oare ûndersoarte.

Hâlden en dragen De Maleiske wilster leit twa oant fiif (meast trije) aaikes yn in kûltsje mei wat skelpen op it strân. De aaien wurde yn likernôch 30 dagen troch sawol it mantsje as it wyfke útbret. Beide âlders soargje foar de jongen oant se nei sawat 30 dagen fleane kinne. Yn Tailân kin de fûgel meardere lechsels produsearje, dêr't in briedseizoen fan ein maart oant septimber duorje kin. De Maleiske wilster foerazjearret op ynvertebraten op strannen en waadflakten.

200x200px 200x200px Nêst Pykje

Status Mei in rûzing fan 5.000 oant 15.000 folwoeksen fûgels wurdt der tocht dat de wrâldpopulaasje relatyf lyts is. Troch ferdwinend habitat wurdt oannommen dat de oantallen ôfnimme. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte dêrom as gefoelich.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dûkelmantsje Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam