Candes-Saint-Martin is in plak oan 'e Loire yn it sintrum fan Frankryk. De stêd It plak leit yn it departemint Indre-et-Loire. Candes-Saint-Martin hat it predikaat fan ien fan Les Plus Beaux Villages de France. Candes-Saint-Martin leit flak njonken Montsoreuau, ien fan 'e oare moaiste doarpen fan Frankryk.
Skiednis Candes-Saint-Martin wurdt al sûnt de earste iuwen fan ús jiertelling bewenne. Dêr tsjûgje muorreresten en archeologyske fynsten út de Romeinske tiid fan. Der binne ek resten fan in brêge oer de Vienne en syn lettere opfolger fûn. Yn it lêste fearn fan 'e 4e iuw stifte de hillige biskop Marten fan Tours dêr in parochy. Hy ferstoar ek yn Candes op 8 novimber 397, mar waard yn Tours begroeven. Dat ferklearret ek de hjoeddeiske tafoeging Saint-Martin oan 'e gemeentenamme.
Nei de dea fan Sint-Marten waard ek Candes in beafeartsplak. Yn 'e midsiuwen waard dêr in grutte tsjerke boud, de jimmeroan noch besteande kapitteltsjerke fan Sint-Marten (collégiale Saint-Martin). Oant de Frânske Revolúsje wie it kastiel fan Candes in residinsje fan 'e biskoppen fan Tours.
De geunstige lokaasje oan 'e gearrin fan 'e Vienne en de Loire makke fan it plak al ier in sintrum fan skipfeart. Dy aktiviteit bleau oant yn 'e earste helte fan 'e 19e iuw bloeien, mar de konkurrinsje mei it spoar feroarsake de delgong fan 'e skipfeart oer de rivieren en as gefolch dêrfan ek it krimpen fan it ynwennertal fan 'e gemeente.
Untwikkeling befolking Jier 1793 1800 1851 1876 1901 1926 1946 1954 1962 1982 Ynwenners 638 525 711 482 362 238 252 313 294 268 Jier 1999 2013 2023 Ynwenners 227 229 180
Ofbylden
Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Gemeente yn Frankryk Kategory:Plak yn Sintrum-Loiredelling Kategory:Gemeente yn Sintrum-Loiredelling