thumb|175px|Henri Wijnmalen lêst in loftfearttydskrift (1910) Henricus Joannes Evert Willem Carel (Henri) Wijnmalen, efternamme ek bekend as Weynmalen of Wynmalen (Ovezande (Borsele), 3 septimber 1889 – Twyford (Berkshire, Ingelân), 9 febrewaris 1964) wie in Nederlânske loftfeartpionier, fleander en hynsteman.
Libben en wurk thumb|175px|Henri Wijnmalen wurdt huldige nei syn flecht fan Leien nei Amsterdam (1911)
Fleander en de Maatschappij voor Luchtvaart Wijnmalen wie in medyske studint doe't er yn 1910 besleat om fleanlessen te nimmen yn Pau by Louis Blériot. It learen gie him dêr te stadich, dat hy gie oer nei de fleanskoalle fan Henri Farman. Dêr helle er syn fleanbrevet op 29 augustus 1910. Yn datselde jier sette er it wrâldhichterekôr mei 2.780 meter.
Werom yn Nederlân krige Henri Wijnmalen in baan oanbean troch syn omke J.F. Verwey. Verwey wie meidirekteur fan Verwey & Lugard Automobiles, dat yn 1910 op twa plakken begûn mei it hâlden fan fleanshows: Gilze-Rijen en Soesterberg. Henri Wijnmalen krige de lieding fan de Soesterbergske loftshow en fleanskoalle, operearre ûnder de namme Maatschappij voor Luchtvaart. Kollega Frits Koolhoven krige de lieding oer it fleantúchfabryk.
Spyker Yn 1911 naam Henri Wijnmalen ûnslach en gie ek de Maatschappij voor Luchtvaart fallyt. De ynboel waard oernaam troch de Loftfartafdeeling (LVA). Wijnmalen gie nei Dútslân om te wurkjen by fleantúchûntwerper Max Oertz, om yn 1913 fia België wer werom te kommen yn Nederlân as Farman-agind en lisinsjehâlder. Yn België - Brussel - troude er op 10 maaie 1911 mei Leontine Verheijden en se krigen yn 1913 in dochter. Hy sticht it Nederlânske Fleantúgenfabryk op Fleanbasis Soesterberg en bout Farman en Bleriot fleantugen. Mar yn 1914 moast er Soesterberg ferlitte en naam ien fan de fabrykshallen fan Spyker (Trompenburg) yn gebrûk. De finansjele situaasje fan Spyker wie sadanich dat Henri syn jildsjitter, Frits H. Fentener fan Vlissingen, frege om alle oandielen Spyker op te keapjen. Henri waard direkteur fan Spyker en feroare de namme fan it fabryk yn N.V. Nederland - en Vliegtuigenfabriek Trompenburg. Spyker is dan ien fan de earste folweardige Nederlânske fleantúchbouwers mei eigen ûntwerpen en krijt ek oarders binnen fan de LVA. Yn 1916 krije Henri en Leontine noch in dochter. Yn 1919 hold Spyker op mei de bou fan fleantugen en yn 1922 ferliet Henri Spyker. Spyker gie yn 1926 offisjeel fallyt.
Hynders Henri en Leontine ferhuzen úteinlik nei Grut-Brittanje, dêr't Henri belutsen rekke by racehynders en hynstefokkerij. Hy skreau ek ferskate boeken oer hynstefokkerij en riden. Leontine stoar op 30 septimber 1932 yn Londen. Henri troude op 'e nij mei Julia Ward (? Perû - om 2000 hinne Windsor) en stoar yn 1964 yn Twyford, Berkshire.
Yn septimber 1941 waard er, op oanstean fan 'e Londenske regearing, frege om tafersjoch te hâlden op 'e bou fan in kamp foar de Prinses Irene Brigade yn Wrottesley Park, 8 km westlik fan Wolverhampton, út namme fan Nederlân.
Bibliografy 1938 - Equitation 1949 - Riding for children, mei Henri Michael Lyne 1950 - Horse breeding & stud management 1952 - Dressage, A Study of the Finer Points of Riding 1954 - The Horse in Action : The Walk, Trot, Canter, Gallop, and Jump, Illustrated, mei Henri Michael Lyne
Keppeling om utens Early Aviators - koarte biografy
Kategory:Nederlânsk loftfeartpionier Kategory:Nederlânsk piloat Kategory:Nederlânsk ûndernimmer Kategory:Siuwsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1899 Kategory:Persoan stoarn yn 1964