Annemarie Margaretha Prins (Amsterdam, 26 novimber 1932 - dêre, 13 jannewaris 2026) wie in Nederlânsk aktrise, regisseuze en skriuwster.

Prins rjochte har nei it trochrinnen fan de toanielskoalle yn Arnhim op it regissearjen fan produksjes foar sawol teäter as telefyzje as radio. Yn 1965 rjochte se Theater Terzijde op, wêrmei't se polityk rjochte foarstellingen makke oer ûnder mear de Fjetnamoarloch en Spanje ûnder Franco.Se eksperimintearre mei tekst en it brûken fan de minsklike stim as muzyk. Yn 1969 hold Terzijde alwer op te bestean (it kaam yn 1975 foar ien kear werom mei Schrijf aan mij, houd van mij oer Belle van Zuylen).

Dêrnei wurke Prins foar ferskate (amateur)toanielselskippen. Foar it Holland Festival regissearre se twa opera's fan Peter Schat: Houdini yn 1976] en Aap verslaat de knekelgeest yn 1978. Prins rjochte hjirnei toanielselskip "De Salon" op, wêrmei't se stikken makke op basis fan Samuel Beckett dy't se as har foarbyld beskôge.

Fan de 1990-er jierren ôf rjochte Prins har op aktearjen. Se hie grutte rollen yn ûnder mear de telefyzjesearjes Oud Geld, Wij Alexander, Duinzicht boven, Îles flottantes, Novemberlicht en Annie M. G.... Yn 1997 publisearre se de monologen "Harmoniehof]]" en yn 2003 "Pikkepoezewals".

Yn 2002 ferskynde har roman Zelfbeheersing. Yn 2012 spile se yn it mozaykdrama Lijn 32 de rol fan de demintearjende Lien Theunissen. Se hie fan 2017 ôf in fêste byrol yn Het geheime dagboek van Hendrik Groen. Yn 2020 spile Prins de rol fan Therese yn de telefyzjesearje Papadag.

Annemarie Prins ferstoar op 13 jannewaris 2026 yn 'e âldens fan 93 jier

Filmografy (kar-út)

|align="center"| 1998 || Oud Geld || Maud van Mechelen Liepelt || telefyzjesearje |- |align="center"| 1998 || Wij Alexander || Moaike Carla || telefyzjesearje |- |align="center"| 1999 ||Duinzicht boven || || |- |align="center"| 2001 || Îles flottantes || Beppe || |- |align="center"| 2003 || Novemberlicht || Jacoba || |- |align="center"| 2003 || Annie M. G. || Annie M.G. Schmidt (60-84 jier) || Prins spile Annie M.G. sa as se yn har âldere jierren wie. |- |align="center"| 2012 || Lijn 32 || Lien Theunissen || telefyzjesearje |- |align="center"| 2017 || Het geheime dagboek van Hendrik Groen ||Frou L. Slothouwers || telefyzjesearje |- |align="center"| 2017 || Papadag || Marie-Therese || telefyzjesearje

Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk regisseur Kategory:Persoan berne yn 1932 Kategory:Persoan stoarn yn 2026