It kastiel fan Langeais is in kastiel yn Langeais yn it Frânske departemint Indre-et-Loire. It is ien fan it grutte oantal kastielen yn 'e Loirekrite.
Skiednis Om 992 hinne liet Fulko III fan Anjou op it plak in fersterke wentoer fan stien bouwe. Dat wie bysûnder yn in tiid dat in soad kastielen noch fan hout wienen. De donjon tsjinne as militêre post tsjin de rivalisearjende greven fan Blois. Dy romaanske toer stiet der hjoed-de-dei noch jimmeroan en is ien fan 'e âldst bewarre stiennen donjons fan Frankryk.
Yn 'e 12e iuw kaam Langeais ûnder ynfloed fan 'e Plantageneten, dy't ek oer Ingelân hearsken. Yn 1206 oermastere kening Filips II Augustus Langeais op 'e Ingelske kening Jan sûnder Lân. Sûnt hearde Langeais definityf by it keninkryk Frankryk.
It âlde kastiel rekke yn 'e Hûndertjierrige Kriich swier skansearre. It kompleks ferlear de militêre betsjutting en rekke doe yn ferfal. Allinnich de âlde donjon bleau oerein. thumb|left|Eastlike kant. Om 1465 joech kening Loadewyk XI opdracht om op it plak fan 'e âlde fêsting in nij kastiel te bouwen. Oan 'e stedskant liket dy nijbou mei in grêft, tuorren en kantelen noch altiten midsiuwsk, mar oan 'e kant fan 'e tún lit it kastiel mei grutte ramen en dekoraasjes al dúdlike renêssânse eleminten sjen.
Yn desimber 1491 fûn yn it kastiel in foar de Frânske skiednis tige wichtich houlik plak tusken kening Karel VIII en Anna fan Bretanje. Troch dat houlik waard it hartochdom Bretagne oan it keninkryk Frankryk ferbûn. Dat barren wurdt yn in seal fan it kastiel hjoed-de-dei mei histoaryske figueren en meubilêr rekonstruearre.
Sûnt de 17e iuw waard it kastiel jimmeroan minder brûkt. Mei it útbrekken fan 'e Frânske Revolúsje waard it leechrôve en as nasjonaal besit ferkocht. Op 'e nij rekke it kastiel yn ferfal, mar yn 1886 kocht de rike yndustrieel en keunstsamler Jacques Siegfried it bouwurk oan. Hy liet it kastiel ynrjochtsje mei midsiuwske tapijten en meubilêr. Syn widdo skonk it kastiel letter oan it Institut de France, dy't it ek no noch beheart.
It kastiel is in monument historique en iepen foar toeristen. It ynterieur is goed bewarre en ynrjochte, itjinge seldsum is foar Loirekastielen.
Kategory:Kastiel yn Frankryk Kategory:Bouwurk út de 15e iuw Kategory:Bouwurk út de 10e iuw