Spyker V.2 275px Rol Lesfleantúch Makker Spyker en Trompenburg Untwerper Henry Wijnmalen Earste flecht maart 1917 Yn tsjinst 1917 Ut tsjinst 1926 Tal makke 78 Brûkers Loftfeartôfdieling,Marine Loftfearttsjinst Koninklijk Nederlands Indisch Leger De Spyker V.2 ek wol oantsjut as Spyker-Trompenburg V.2, wie in tandem-twasitter dûbeldekker, dy't spesjaal ûntwurpen wie en boud wie foar de piloate-oplieding yn it Nederlânske leger tsjin de ein fan de Earste Wrâldoarloch. Der binne der troch fleantúchfabrikant Spyker 78 stiks fan boud.

Skiednis en ûntwerp thumb|left|Spyker V.2 yn hangar op fleanfjild Soesterberg (1922) De Spyker V.2 wie in foar syn tiid konvinsjoneel tastel. Mei in houten konstruksje en in ienassich ûnderstel mei twa tsjillen en in sturtslide. De V.2 wie ûntwurpen as lestastel en útrist mei dûbelde bestjoering. De dûbeldekker waard oandreaun troch in njoggensilinder 80 hk Thullin (in yn lisinsje boude Le Rhône 9 C) rotaasjemotor. Opmerklik detail yn it ûntwerp wie de útsparring yn de boppeste fleugel om it achterste bemanningslid better sicht te jaan. De earste flecht wie yn maart 1917.

By de Eerste Luchtverkeer Tentoonstelling Amsterdam (ELTA) fan 1919 krige it Europeeske publyk de V.2 foar it earst te sjen. It fermogen fan 'e V.2 om loopings op in lytse motor te meitsjen foel doe bot op. Achtensantich V.2's waarden boud foar de Nederlânske regearing. Noppen, 2007, s.62 Achtfyftich dêrfan wiene foar de Loftfeartôfdieling (LVA), achttjin foar de Nederlânske Marine Loftfearttsjinst (MLD) en twa foar it KNYL. Der wiene in flink oantal fatale ferliezen yn sawol de LVA as de MLD, mar de V.2's waarden troch beide tsjinsten flein oant 1924, doe't de MLD har V.2's ferfong troch Fokker S.III's; njoggen fan har V.2's gongen nei de LVA. Wesselink, 1982, s.17

Replika

It Aviodrome op fleanfjild Lelystêd hat in fraaie Spyker V.2 replica mei orzinele Thulin-rotaasjemotor en propeller.Aviodrome Replica Spyker V.2 in het Aviodrome, sjoen op 12 jannewaris 2023

Spesifikaasjes thumb|Tekening Spyker V.2 Type: Spyker V.2 lestastel Bemanning: 2 Lingte: 6,64 m Spanwiidte: 10,85 m Hichte: 3,0 m Brândstofkapasiteit: 114 liter Motor: 1× Thulin A (Le Rhône 9C) njoggensilinder rotaasjemotor, 80 hk Propeller: twablêds fan hout Prestaasjes Maksimumsfaasje: 115 km/o Lâningsfaasje: 70 km/o Klimfaasje: 2,1 m/s Fleugelbelêsting: 23 kg/m² Taylor, 2001, s.197. Jane's Fighting Aircraft of World War I

Kategory:Nederlânske lesfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1917