De woastynwilster (Anarhynchus leschenaultii, synonym: Charadrius leschenaultii) is in fûgel yn it skaai dûkelmantsjes (Anarhynchus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).
Ferskining thumb|left|Winterkleed. De woastynwilster wurdt 19 oant 22 sm lang en is wat grutter as de bûnte wilster en hat lange griengiele poaten en in tsjokke snaffel. Briedende mantsjes hawwe sânbrune boppedielen en binne wyt fan ûnder. Yn it briedkleed is it boarst, de foarholle en de nekke fariabel oranje-eftich en hat de kop in opfallend swart eachmasker. It wyfke is doffer en grizer, en de winter- en jonge fûgels binne brúner.
Fersprieding Woastynwilsters libje yn 'e healwoastinen fan Turkije nei it easten troch Sintraal-Aazje. De woastynwilster is in trekfûgel en migrearret oer grutte ôfstannen om te oerwinterjen yn East-Afrika, Súd-Aazje en Australaazje.
De soarte telt trije ûndersoarten:
Anarhynchus leschenaultii leschenaultii: eastlike diel fan it ferspriedingsgebiet (westlik Sina oant súdlik Mongoalje en súdlik Sibearje), yn ferlikening mei de oare twa ûndersoarten hat de nominaatfoarm in middelgrutte snaffel en yn it briedkleed in relatyf swakkere oranje boarstbân. Anarhynchus leschenaultii columbinus: westlike diel fan it ferspriedingsgebiet (Turkije oant súdlik Afganistan), lytste snaffel fan alle ûndersoarten en yn it briedkleed de meast dúdlike oranjereade boarstbân fan 'e ûndersoarten. Anarhynchus leschenaultii scythicus: Sintraal-Aazje (Turkmenistan oer súdlik Kazachstan), gruttere snaffel as de oare twa ûndersoarten; de oranje boarstbân yn it briedkleed is dúdliker as by de leschenaultii, swakker as by de columbinus.
De soarte is yn Europa in seldsume swalker en is dêr oant yn Yslân sjoen. Ek yn Nederlân wurdt de fûgel as dwaalgast waarnommen.
Hâlden en dragen Yn it breidseizoen ite se fral ynsekten en larven. Winterdeis ite se slakken, kreeften en wjirms. Se foerazjearje troch koarte ôfstannen te rinnen om dan ynienen te stoppen om in proai fan 'e grûn te pakken.
It nêst fan 'e woastynwilster is in kûltsje fuort op 'e grûn. Meast wurde der trije aaien lein, dy't yn trochstrings 24 dagen troch beide âlden útbret wurde, dy't ek tegearre foar de jongen soargje.
Status De IUCN klassifisearre de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2019) op 'e Reade list. It liket der lykwols op dat de fûgel yn oantal ôfnimt. Neffens in rûzing soe de populaasje út 100.000 oant 225.000 folwoeksen fûgels bestean.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dûkelmantsje Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Krysteilân Kategory:Lânseigen fauna yn de Kokoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Komoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Gûam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn de Maldiven Kategory:Lânseigen fauna yn Mauritsius Kategory:Lânseigen fauna yn Majot Kategory:Lânseigen fauna yn Mikroneezje (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Marianen Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palau Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Reünion Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn de Seysjellen Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Fanûatû Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia