De dûbelbânwilster (Anarhynchus bicinctus) is in waadfûgel út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).
Ferskining thumb|left|Net-briedende dûbelbânwilster. De dûbelbânwilster is in lytse (18–21 sm) mar stevige wilster. Yn it briedkleed hat er twa dwersbannen oer it boarst, de boppeste tinner en swarteftich, de ûnderste breder en readbrún. Hy hat ek wyt op 'e foarholle mei in swarte dwersbân dêrboppe en ek wyt op it kin, de kiel en it ûnderste diel fan 'e wang. By wyfkes kinne de swarte gebieten mear brúnich wêze en is de ûnderste boarstbân minder yntins.
Bûten it briedseizoen binne de boarstbannen werombrocht ta griiskleurige plakken oan 'e flanken en hat de soarte mear fan oare wilsters. Hy ûnderskiedt him lykwols dan noch troch syn bêzje gesicht en ljochte nekkekraag. Yn ferlikening mei besibbe wilsters hat er sawol koartere poaten as in koartere, tinnere snaffel.
Fersprieding De fûgel libbet yn Austraalje en Nij-Seelân. Der binne twa ûndersoarten:
Anarhynchus bicinctus bicinctus: Nij-Seelân en de Chathameilannen. Anarhynchus bicinctus exilis: Aucklandeilannen.
Status De grutte fan 'e populaasje wurdt op 8.000 oant 14.000 folwoeksen fûgels rûsd. Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de status fan gefoelich (Near Threatened, 2020). Tocht wurdt dat de fûgel yn oantal ôfnimt.
200x200px 200x200px 200x200px Briedende fûgel Aaien en útkommend pykje Pyk
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dûkelmantsje Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân