Fokker F26 Phantom |275pxTekening fan de F26 Rol Strielpassazjiersfleantúch Makker Fokker Tal makke 0 thumb|Model fan de Fokker F26 De Fokker F26 Pantom wie in ier ûntwerp fan in passazjiersfleanmasine mei twa strielmotors, makke troch de Nederlânske fleantúchfabrikant Fokker.

Skiednis Yn 'e tiid foar de Twadde Wrâldoarloch wie Fokker ien fan 'e wichtichste fabrikanten fan passazjiersfleantugen yn 'e wrâld. Nei it wer opkommen fan it bedriuw Fokker yn 1945 (de oprjochter, Anthony Fokker, wie yn 1939 yn 'e Feriene Steaten ferstoarn), makke it bedriuw ambisjeuze plannen om de merk dy't it eartiids dominearre werom te feroverjen. Dêrom kaam it bedriuw yn 1946 mei in ûntwerp foar in strielfleantúch.

It ûntwerp is ta stân kommen troch gearwurking tusken Fokker, de Nederlânske loftfeartmaatskippij KLM, en it Nasjonaal Ynstitút foar Vliegtuigontwikkeling (NVI). It ûntwerp en in model fan 'e F26 waard toand op 'e earste neioarlochske loftfeartbeurs, de Paris Air Show fan novimber 1946. It model luts in soad belangstelling, mar der waarden gjin oarders binnenhelle.

Fierdere ûntwikkeling fan 'e F26 waard yn it paad sitten troch de hâlding fan KLM. KLM-direkteur Albert Plesman wie fan betinken dat it ûntwerp, marketing en produksje fan in strielfleantúch in te grut projekt wie foar Fokker allinnich. Hy moedige Fokker dêrom oan foar gearwurking mei de Britske fabrikant de Havilland. Hoewol't der wat gearwurking plakfûn, benammen wat de motors oanbelange, is der nea in mienskiplike ynspanning west foar it produsearjen fan strielfleantugen. Binnen tsien jier soe Fokker lykwols in better útfierber ûntwerp ûntwikkelje, de mei turboprops oandreaune Fokker F27 Friendship.

De F26 Phantom wie in konseptueel ûntwerp dat allinich in technyske en ekonomyske mooglikheidsstúdzje wêze soe. Dêrom wie de F26 nea bedoeld om werklikheid te wurden. Wat de werklike ferwachting fan it bedriuw ek west hat, de betsjutting fan it ûntwerp fan 'e F26 lei yn syn iere ferskining. Hoewol't de fleantúchyndustry yn 't algemien strieljagerfleantugen as de takomst beskôge, wiene der doe noch gjin straalpassazjiersfleantugen ûntwurpen.

Untwerp It folslein metalen ûntwerp fan 'e F26 bestie út in lege-fleugel-layout mei in romp mei 17 sitten yn in drukkabine, in folslein ynlûkber lâningsgestel en twa Rolls-Royce Nene RB.41 searje I strielmotors. Mei in driuwkrêft fan 23 kN elts wiene dizze motoren de krêftichste motoren dy't op dat stuit te krijen wiene. It fleantúch wie ûntworpen foar in bemanning fan trije.

De passazjierskabine hie in yndieling mei ien gongpaad, mei twa sitten neist elkoar oan 'e rjochterkant en ien rige oan 'e lofterkant. In toilet wie efteryn it fleantúch en der wiene twa frachtromten. It fleantúch soe bemanne wurde troch twa piloten en ien radio-operator.

Basearre op ûntwerpstúdzjes hie de F26 in ekonomyske krúsfaasje fan 800 km/o mei in fleanberik fan 1.000 km.

Kategory:Fokker Kategory:Nederlânske ferkearsfleanmasine