De Javaanske wilster (Anarhynchus javanicus) is in fûgel út it skaai dûkelmantsjes (Anarhynchus) yn 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae). De fûgel is in monotypyske soarte
Ferskining thumb|left|Javaanske wilster op Java. De Javaanske wilster is in relatyf lytse wilster. De boppekant fan it lichem is brún, wylst de ûnderkant wyt is. Hy hat in wite kraach, in wite foarholle en in wynbrau. Yn it briedkleed hawwe briedende fûgels in oranje tint efter it each en om 'e kraach. Jonge fûgels lykje op 'e folwoeksen bûten it briedseizoen, mar se hawwe ljochtkleure fransjes oan 'e boppefearren.
Javaanske wilsters ha in soad fan it dûkelmantsje (Charadrius alexandrinus), mar se kinne ferskille troch it waarm brune plak efter de earen, it ûntbrekken fan oranje op 'e krún yn it briedkleed en de ljochtere poaten. Se hawwe ek oerienkomsten mei de Maleiske wilster (Charadrius peronii), mar dy hat altiten wite franjes oan 'e brune boppefearren en waarmere tinten op de kop.
Fersprieding De Javaanske wilster komt fan Java oant de Lytse Sûnda-eilannen foar en libbet dêr op strannen, sânbanken, estuaria, fivers en wiete fjilden.
Status De fûgel wurdt op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (Least Concern, 2021) klassifisearre. In rûzing fan 2013 giet út fan in folsleine populaasje fan 1300 oant 4000 folwoeksen fûgels. De soarte hat in stabile ûntwikkeling.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dûkelmantsje Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor