Riquewihr (Dútsk: Reichenweier of Reichenweyer) is in doarp en gemeente yn it Frânske departemint Haut-Rhin. Riquewihr hat krapoan 1000 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Troch de histoaryske arsjitektuer is Riquewehr tige bekend ûnder toeristen. Sûnt de 16e iuw is der net in soad oan it doarpsbyld feroare. Ek is it doarp bekend fanwegen de Riesling en oare winen dy't dêr produsearre wurde. Riquewihr leit oan 'e Route des Vins.
Geografy Riquewihr leit 11 kilometer fan Colmar en tichteby oare doarpen lykas Ribeauvillé, Hunawihr, Eguisheim en Kaysersberg.
Skiednis thumb|left|Reichenweier. Yn 1320 krige it plak stedsrjochten, mar hjoed-de-dei is it gewoane gemeente en wurdt it in doarp neamd. Oarspronklik wie it plak eigendom fan 'e hartoggen fan Wuertemberch. Troch de hartoggen waard it plak yn 'e 16e iuw protestantsk. Riquewihr ûntwikkele him as in sintrumdoarp foar de hannel yn Dútske en Elzasser wyn. Yn 1793 waard Riquewihr troch Frankryk anneksearre.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich wie it plak wer tydlik ûnderdiel fan Dútslân. It plak bleau sparre faor grutskalige fernielingen yn dy tiid.
It besjen wurdich thumb|left|Haadstrjitte. Riquewihr wurdt troch midsiuwske fortifikaasjes omklamme mei stedsmuorren en tuorren lykas de Doldertoer en de 13e-iuwske stedspoarte. Boppe it plak stiet it kastiel fan 'e hartoggen fan Wuertemberch, dat om 1540 hinne foltôge waard. De haadstrjitte Rue du Général-de-Gaulle mei in grut tal fakwurkhûzen fan 'e 16e oant 18e iuw, lykas û.o. Nû 16: Maison Liebrich (1534) Nû 13: Maison Behrel mei in harkeniel út 1514 Nû 42: Maison à l'Étoile út 1686 De Église Sainte-Marguerite is in 13e-iuwske tsjerke, dy't hjoed-de-dei troch protestanten yn gebrûk is. De lytse Rue des Juifs komt út op it Cour des Juifs, it âlde joadske getto dêr't begjin 15e iuw in pogrom plakfûn. Oan 'e ein fan it Cour des Juifs is in smelle trochgong mei in houten trep nei de festingmuorren en de 18 m hege Tour du Voleurs (dievetoer), oarspronklik boud yn 1291.
Befolkingsûntwikkeling Jier 1910 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2007 2017 Ynwennertal 1438 1247 1322 1195 1045 1075 1212 1271 1077
Eveneminten Feneesjaanske Parade, begjin july Optocht en fjoerwurk op 13 july, Bastille-Dei 14 july Krystmerk om 21 desimber hinne
Keppeling om utens Toeristeburo Ribeauville-Riquewihr
Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Plak yn it Grutte Easten Kategory:Gemeente yn Frankryk