In wittenskiplike konsensus is de hearskjende opfetting fan 'e wittenskiplike mienskip yn in beskate dissipline. De term 'konsensus' ferwiist nei in algemiene oerienstimming, dy't lykwols net needsaaklikerwize unanym hoecht te wêzen. In wittenskiplike konsensus kin boppedat meitiid ferskowe of alhiel weifalle, op basis fan nij bewiismateriaal dat oan it ljocht bringt dat eat oars yninoar stekt as earder tocht waard.
Wittenskiplike konsensus wurdt berikt troch konferinsjes, publikaasjes, replikaasje (wêrby't men de ûndersiken fan oaren neidocht en deselde resultaten kriget) en kollegiale toetsing. It kin lykwols dreech wêze om oan bûtensteanders oer te bringen dat der in wittenskiplike konsensus oer in beskaat ûnderwerp berikt is, om't de debatten en diskusjes dy't in normaal ûnderdiel fan 'e wittenskip foarmje, as teken fan ûnienichheid opfetten wurde kinne.
Der gappet ditoangeande in djippe kleau tusken de wittenskip en oare dielen fan 'e maatskippij, lykas religy, polityk of de hearskjende opiny fan leken. Der besteane ûnderwerpen dy't religieus, polityk en/of maatskiplik omstriden binne, mar dêr't yn 'e wittenskip al sa lang in konsensus oer bestiet dat se mank wittenskippers alhiel net kontroversjeel mear binne. Bekende foarbylden fan dat soarte ûnderwerpen binne de evolúsjeteory en de reäliteit fan klimaatferoaring.
Kategory:Wittenskipsfilosofy Kategory:Sosjology Kategory:Evaluaasje