De brune bear (wittenskiplike namme: Ursus arctos) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e bearen (Ursidae) en it skaai fan 'e echte bearen (Ursus). Dit bist is wrâlds op ien nei grutste lânrôfdier (nei de iisbear), dat ta de moderne megafauna rekkene wurdt. De brune bear hat in Holarktyske fersprieding en komt dêrmei foar yn Jeraazje en Noard-Amearika. It is ornaris in deidier mei in opportunistysk, omnivoar dieet en in solitêre libbenswize, dat benammen wâldgebieten bewennet en de itenskrapte fan it winterseizoen oerlibbet troch in wintersliep te hâlden. Dizze soarte fertoant in oansjenlike mjitte fan seksuele dimorfy, mei't mantsjes folle grutter binne as wyfkes. De brune bear spilet al fan âlds in wichtige rol yn 'e minsklike mytology, folkloare, literatuer, media en keunst. It is in bist dat frij maklik te trainen is, en it kaam dêrom oant it resinte ferline faak foar yn sirkussen. Der wurde yn 'e tradisjonele taksonomy achttjin (libbene en útstoarne) ûndersoarten ûnderskaat, wêrfan't de grizzlybear (U. a. horribilis) út Noard-Amearika fierwei de bekendste is. De IUCN klassifisearret de brune bear as net bedrige.

Taksonomy De brune bear waard yn 1758 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Sweedske biolooch en taksonoom Carolus Linnaeus yn 'e baanbrekkende tsiende edysje fan syn magnum opus, de Systema Naturæ. De wittenskiplike namme dy't hy oan it bist joech, Ursus arctos, bestiet út 'e skaainamme Ursus, dat Latyn is foar "bear", en de soartenamme arctos, dat Gryksk is, fan ἄρκτος (arktos), dat ek "bear" betsjut.

De brune bear is ûnderbrocht yn it skaai fan 'e echte bearen (Ursus), yn 'e mande mei trije oare libbene soarten, wêrmei't in nauwe sibskip bestiet. Dêrby giet it om 'e Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus), de Aziatyske swarte bear (Ursus thibetanus), en de iisbear (Ursus maritimus). Fierders hearre ta itselde skaai ek noch in tsienmannich fossile soarten, wêrfan't de hoalebear (Ursus spelaeus) fierwei de measte bekendheid genietet. De neiste libbene sibbe fan 'e brune bear is de iisbear, mar it soe skoan kinne dat de útstoarne hoalebear eins noch nauwer oan 'e brune bear besibbe wie. De oare libbene soarten bearen, te witten: de brilbear (Tremarctos ornatus), de huningbear (Helarctos malayanus), de lippebear (Melursus ursinus) en de reuzepanda (Ailuropoda melanoleuca) binne minder nau oan 'e brune bear besibbe.

Evolúsje It tinken is dat de brune bear himsels troch evolúsje ûntjûn hat út 'e Etruskyske bear (Ursus etruscus), in fossile soarte út Jeraazje, dy't libbe hawwe soe oant it Ier-Plioseen, likernôch 5 miljoen jier lyn. In genetysk ûndersyk út 2001 wiisde derop dat de brune bear him omtrint 1,2–1,4 miljoen jier lyn ôfspjalten hat fan 'e hoalebear. De âldste fossilen fan brune bearen yn Aazje geane 300.000–500.000 jier tebek, en it is frijwol wis dat de soarte dêr ûntstien is. De brune bear fersprate him likernôch 250.000 jier lyn nei Jeropa en koarte tiid letter ek nei de Magrebregio fan Noard-Afrika, nei alle gedachten fia de lânbrêge dy't doedestiden yn iistiden yn 'e Strjitte fan Gibraltar bestie. Op deselde wize berikte dit bist ek wat no de Britske Eilannen binne. Der binne oanwizings dat de ferskining fan 'e brune bear yn Jeropa bydroegen hat oan it útstjerren fan 'e hoalebear.

De brune bear wreide syn fersprieding omtrint 177.000 jier lyn, yn 'e foarlêste iistiid, fia de Beringlânbrêge út nei Noard-Amearika. Genetysk ûndersyk hat útwiisd dat ûnderskate populaasjes brune bearen út noardeastlik Aazje dy oerstek makken yn ferskate Pleistosene iistiden efterinoar. Yn 't earstoan fêstigen se har inkeld yn Alaska. De iiskape dy't doedestiden it noarden fan Noard-Amearika bediek, rikte oan 'e kust fan Súdwest-Alaska ta en blokkearre lange tiid in fierdere opmars. Pas doe't der in iisfrije korridor ûntstie yn it binnenlân fan 'e Yukon en Britsk-Kolumbia, krong de brune bear omtrint 92.000–83.000 jier lyn fierder troch nei it suden. It meastepart fan 'e Noardamerikaanske brune bearen stammet sadwaande ôf fan dy earste populaasje. Nei't de brune bear lykwols om 33.000 jier lyn hinne yn Alaska en noardwestlik Kanada regionaal útstoarn wie, waard dat gebiet nei it lêste glasiale maksimum (25.000 jier lyn) werbefolke troch twa ferskillende, mar nau besibbe populaasjes út Aazje wei.

Natuerlike hybridisearring De brune bearen fan 'e Aleksanderarsjipel fan Súdeast-Alaska, dy't tradisjoneel yndield wurde yn 'e Sitkabear (U. a. sitkensis) op it Admiraliteitseilân, Baranof en Chichagof, de Dalleilânske brune bear (U. a. dalli) op Dall en pleatslike populaasjes fan 'e grizzlybear (U. a. horribilis) op 'e oare eilannen, binne ûngewoan trochdat se DNA fan 'e iisbear (Ursus maritimus) yn har hawwe. Dat is, nei't men oannimme mei, ôfkomstich fan in populaasje iisbearen dy't oan 'e ein fan 'e lêste iistiid op 'e eilannen isolearre rekke en him dêr neitiid mei de pleatslike brune bearen fermong troch natuerlike hybridisearring. De populaasjes brune bearen op 'e Aleksanderarsjipel steane lykwols, troch de aktiviteiten fan omswalkjende mantsjes, al milennia lang yn kontakt mei populaasjes op it fêstelân dy't gjin iisbear-DNA hawwe, en dêrtroch bestiet har eigen ôfstamming no foar mear as 90% út brune bearen.

Ek tsjintwurdich komme, hiel selden, noch natuerlike krusings fan brune bearen en iisbearen foar, dy't grizzly-iisbearen neamd wurde. Yn 2006 waard soks wittenskiplik dokumintearre doe't in apart útsjende bear, dy't troch in jager yn noardlik Kanada sketten wie, DNA fan sawol de brune bear as de iisbear bliek te hawwen. Sûnt is datselde by noch sân oare eksimplaren fêststeld. Allegearre stamje dy bisten ôf fan ien inkele iisbearinne. Foàr 2006 wie sa'n krusing inkeld bekend fan bisten dy't yn finzenskip yn dieretunen holden waarden. It hat bliken dien dat ek krusings fan 'e brune bear mei de Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus) foarkomme, hoewol't dy noch seldsumer lykje te wêzen as krusings mei iisbearen.

Fersprieding De brune bear is in soarte mei in Holarktyske fersprieding, wat betsjut dat dit bist lânseigen is yn grutte dielen fan Jeraazje en Noard-Amearika.

Jeraazje It grutste oaniensletten diel fan it ferspriedingsgebiet fan 'e brune bear rint fan sintraal en noardlik Skandinaavje fia Finlân, Estlân, it Kolaskiereilân en Kareelje troch noardlik Wyt-Ruslân en de noardlike en sintrale dielen fan Jeropeesk-Ruslân oer de Oeral en hielendal troch Sibearje oant en mei it Tsjûkotkaskiereilân en it Kamtsjatkaskiereilân oan 'e kust fan 'e Beringsee. Yn it noarden falt inkeld it uterste noarden fan Jeropeesk-Ruslân en Sibearje derbûten, wylst it gebiet yn it suden de noardlike helte fan Kazachstan omfiemet, noardlik Mongoalje, de Transbaikal, it Amoerlân, it Kustterritoarium, it noardeasten fan it Koreaansk Skiereilân, en it noarden en easten fan Mantsjoerije yn it noardeasten fan Sina. Om 'e See fan Ochotsk hinne komme brune bearen ek foar op 'e Koerilen, Sachalin en it Japanske eilân Hokkaido.

In súdlike útrinner fan itselde oaniensletten ferspriedingsgebiet rint fan it Altaiberchtme yn súdlik Sibearje en noardeastlik Kazachstan nei it suden ta yn it easten fan Kazachstan en it oangrinzgjende Sinkiang-Oeigoerje en súdwestlik Mongoalje. Fia it Tjensjanberchtme yn Kirgyzje, it Pamirberchtme yn Tadzjikistan en de Hindoe Kûsj yn noardlikeastlik Afganistan slút it oan op 'e fersprieding yn 'e Himalaya en op it Tibetaansk Plato, dy't hielendal oant sintraal Sina trochrint.

Yn it Midden-Easten is de fersprieding diskontinu en fragmintarysk, mei isolearre populaasjes yn 'e Kopet Dag op 'e grins fan Iraan mei Turkmenistan, by de súdkust fan 'e Kaspyske See lâns troch noardlik Iraan, yn it Sagrosberchtme fan súdwestlik Iraan, en yn 'e bergen fan Koerdistan yn noardwestlik Iraan, noardeastlik Irak en súdeastlik Turkije. Yn 'e Kaukazyske regio binne der populaasjes yn sawol de Grutte Kaukasus oan 'e súdgrins fan Ruslân as de Lytse Kaukasus yn Georgje, Armeenje en Azerbeidzjan. Lyts-Aazje telt ferskate isolearre populaasjes.

Yn Jeropa is de sitewaasje noch sterker fragmintearre, mei lytse isolearre populaasjes yn dielen fan Letlân, Litouwen, súdlik Wyt-Ruslân en de noardlike Oekraïne. Gruttere populaasjes komme foar yn it Pindusberchtme fan noardwestlik Grikelân en it oangrinzgjende berchlân fan eastlik Albaanje en westlik en súdlik Masedoanje; it Rhodopeberchtme fan noardeastlik Grikelân en súdwestlik Bulgarije; it Balkanberchtme (of de Stara Planina) fan sintraal Bulgarije; de Dinaryske Alpen fan Montenegro fia Bosnje-Hertsegovina en Kroaasje oant Sloveenje; de Karpaten fan sintraal Roemeenje fia de westlike Oekraïne oant it súdeasten fan Poalen; de Hege Tatra op 'e grins fan Poalen mei Slowakije; en de eastlike Alpen yn noardeastlik Itaalje, noardlik Sloveenje en súdlik Eastenryk. Op it Apenynsk Skiereilân yn súdlik Itaalje bestiet in lytse populaasje yn 'e regio's Abruzzen, Latium en Molise. De westlikste populaasjes brune bearen libje yn 'e Pyreneeën op 'e grins fan Frankryk en Spanje en yn 'e Picos de Europa en it Kantabrysk Berchtme fan noardlik en noardwestlik Spanje.

Yn 'e prehistoarje besloech it areaal fan 'e brune bear yn Jeropa it hiele kontinint, de eilannen Grut-Brittanje, Ierlân en Sisylje ynbegrepen. Yn Aazje rûn de súdgrins fan it ferspriedingsgebiet yn dy dagen fan 'e kust fan 'e Middellânske See yn wat no súdlik Israel is fia de Fruchtbere Healmoanne nei de kust fan 'e Perzyske Golf yn Iraan, en dêrwei nei de westlike Himalaya. Fan 'e eastlike Himalaya ôf rûn de súdgrins yn eastlik Sina nei de kust fan 'e Eastsineeske See. Ek it Japanske haadeilân Honsjû hearde doedestiden ta it areaal fan 'e brune bear.

Afrika Brune bearen kamen oarspronklik ek foar yn 'e Magrebregio fan Noard-Afrika, dêr't se lânseigen wiene yn it Atlasberchtme fan noardlik en eastlik Marokko en noardlik Algerije. De fersprieding rûn dêr oant yn Tuneezje en Tripolitaanje ta. De brune bear wie de iennichste bearesoarte dy't yn Afrika foarkaam. De Afrikaanske ûndersoarte, de Atlasbear (Ursus arctos crowtheri), waard lykwols yn 1870 útrûge troch oerbejaging.

Noard-Amearika Yn Noard-Amearika beslacht it hjoeddeistige ferspriedingsgebiet fan 'e brune bear it hiele fêstelân fan 'e Amerikaanske steat Alaska, mei dêropta de eastlikste eilannen fan 'e Aleoeten, de Kodiakarsjipel en de Aleksanderarsjipel. Fierders komt er yn Kanada noch foar yn 'e Yukon en de Noardwestlike Territoaria, yn it westen en suden fan it fêstelân fan Nûnavût, yn hiel Britsk-Kolumbia útsein de Keninginne Sjarlotte-eilannen, Vancouvereilân en it súdlike fêstelân, yn 'e Rocky Mountains fan Alberta, en yn it uterste noarden fan Saskatchewan en Manitoba. Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten komt de brune bear inkeld foar yn it noardwesten fan Montana en yn it Nasjonaal Park Yellowstone yn noardwestlik Wyoming.

Yn 'e histoaryske perioade (fan likernôch 1500 ôf) wie de fersprieding fan 'e brune bear yn Noard-Amearika folle grutter. Doe kaam dizze soarte foar yn frijwol de hiele westlike helte fan it kontinint, fan 'e kust fan 'e Beaufortsee yn it noarden oant en mei de noardlike helte fan it Heechlân fan Meksiko en de Westlike Sierra Madre yn Meksiko. Inkeld op it Kalifornysk Skiereilân ûntbriek er. De eastgrins fan 'e fersprieding rûn doe mei in bolle bocht oer de Grutte Flakten fan Laredo yn súdlik Teksas fia Kansas City yn westlik Missoery nei de Athabascamar yn noardwestlik Saskatchewan, en dêrwei yn eastlike rjochting nei de kust fan 'e Hudsonbaai. Folle fierder nei it easten ta bestie oant healwei de tweintichste iuw in isolearre populaasje op it Ungavaskiereilân fan noardlik Kebek en noardlik Labrador.

Dy populaasje en fossilen fan brune bearen dy't oantroffen binne by opgravings yn Ontario, Ohio en Kentucky wize derop dat it ferspriedingsgebiet fan 'e brune bear yn 'e prehistoarje noch helte grutte wie en yn elts gefal ek de krite fan 'e Grutte Marren en it noardeasten fan Noard-Amearika omjûn hawwe moat.

Uterlike skaaimerken